Waarpraatsje: rêstiger

jannewaris 8, 2019 18:47

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in rûzige dei mei heech wetter by de kust lâns, sil it woansdei in stik rêstiger wêze.

Yn ’e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft foar it grutste part berûn. Der kinne noch inkelde buien falle. De noardweste- oant noardewyn is frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. It wurdt om de 3 graden hinne.

Woansdei binne der opklearringen en sil de sinne sa út en troch goed te sjen wêze, mar in bui is net hielendal útsletten. De wyn komt út it noarden en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 6 graden.

Tongersdei is it efkes wat kâlder, mar de winter bliuwt foarearst fier fuort.

Jan Brinksma

jannewaris 8, 2019 18:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.