Waarpraatsje: oanhâldend myld

jannewaris 10, 2019 18:48

Knooppunt De Jouwer. foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in dei mei sa út en troch wat rein, feroaret der foarearst noch net folle. It bliuwt myld foar de tiid fan it jier.

Yn ’e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn en kin it sa út en troch noch wat reine. De matige wyn giet, nei alle gedachten, nei it noardwesten. By de kust lâns is de wyn frij krêftich.

Freed is de loft ek berûn en it kin op ’e nij sa út en troch wat reine. De wyn komt út it westen oan noardwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt om de 7 graden hinne.

Yn it wykein is it ek myld en skier. It bliuwt op beide dagen net drûch.

Jan Brinksma

jannewaris 10, 2019 18:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.