Waarpraatsje: Oan ’e kâlde kant

jannewaris 17, 2019 18:54

DE JOUWER – It hat lang duorre, mar it is dan lang om let dochs wat wintersk. Dat bliuwt it foarearst ek.

Yn ’e nacht fan tongersdei op freed binne der flinke opklearringen mei op guon plakken kâns op wat damp. De noardwestewyn is matich. Letter komt de wyn út ferskate rjochtingen en wurdt swak, by de kust lâns swak oant matich. De temperatuer leit krekt ûnder it friespunt. Oan see wat boppe nul.

Freed skynt de sinne, mar der is ek noch in lytse kâns op in winterske bui. Yn ’e middei is der hege bewolking. By in swakke westewyn wurdt it om de 3 graden hinne.

Yn it wykein bliuwt it drûch en sille wy grif de sinne sjen. Yn ’e nacht friest it yn pear graden, oerdei leit de temperatuer krekt boppe nul.

Warskôging: Jûn, fannacht en freedtemoarn kin it troch befriezing fan wiete diken en troch wat winterske delslach glêd wêze!

 

Jan Brinksma

jannewaris 17, 2019 18:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.