Waarpraatsje: Lang om let wat wintersk

jannewaris 14, 2019 18:58

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Noch in pear dagen en dan is it dien mei it mylde waar. It wurdt wat wintersk, mar reedriden is foarearst net oan ’e oarder.

Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei binne der flinke opklearringen, mar letter yn ’e nacht rekket de loft berûn en soe it wat reine kinne. De wyn komt út it westen oant súdwesten en is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.

Tiisdei is de loft berûn en kin it sa út en troch wat storeine. De weste- oant súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt om de 6 graden hinne.

Woansdei feroaret der noch net folle oan it waar.

Jan Brinksma

jannewaris 14, 2019 18:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.