Waarpraatsje: Kwakkelich

jannewaris 28, 2019 18:55

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei tige ûnlijich. De oare dagen fan dizze wike wurdt it kwakkelich mei kâns op winterske delslach.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei binne der flinke opklearringen, mar der falle ek inkelde winterske buien. De wyn giet nei it súdwesten en wurdt swak oant matich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Tiisdei skynt de sinne earst flink en falt der noch in inkelde winterske bui. Letter op ‘e dei rekket de loft berûn en yn ‘e jûn is der kâns op (wiete) snie. De wyn giet yn ‘e rin fan ‘e dei nei it súdeasten en is swak oant matich. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.

Nei tiisdei bliuwt it oan de kâlde kant mei geregeld winterske delslach. Yn de nachten friest it in bytsje, mar oerdei leit de temperatuer boppe nul.

Warskôging: Troch befriezing fan wiete diken en winterske delslach kin it op guon plakken glêd wurde.

Jan Brinksma

jannewaris 28, 2019 18:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.