Twa winners Fryske Underwiispriis

jannewaris 26, 2019 13:49

Greidhoeke goes Onderwijs winner fan sjuery- en publyks-ûnderwiispriis basisonderwijs

It Lauwerskolleezje út Bûtenpost en de fjouwer skoallen fan it projekt ‘Greidhoeke goes Onderwijs’ binne de winners fan de Fryske Underwiispriis. Deputearre Sietske Poepjes rikte de priis op 25 jannewaris 2019 út yn it Provinsjehûs. De priis is ynsteld om de kreativiteit en ynventiviteit yn it ûnderwiis yn it omtinken te bringen.

De winners krije in plastyk (de Brûnzen Oaljefant), spesjaal ûntwurpen troch it keunstnerskollektyf De Provinçialen. De provinsjale winners binne auto-matysk nominearre foar de Nasjonale Underwiispriis. De finale dêrfan is op 27 maart 2019 yn Leien.

Winner basisûnderwiis
De útslach yn de kategory basisûnderwiis:
1e priis: ‘Greidhoeke goes Onderwijs’: De Opslach (Wommels), De Romte (Itens), De Stjelp (Baard) en It Bynt, (Winsum)
2e priis: OBS De Mienskip, Bûtenpost
3e priis: OBS De Oanset, Rie

De learlingen folgje by it projekt Greidhoeke goes Onderwijs de reis fan de skries nei Fryslân en werom. Skoalbern komme yn ’e kunde mei de lannen dêr’t de skries lâns komt. De oare lannen komme oan de oare kant yn ’e kunde mei de Fryske keunst en kultuer. De sjuery wurdearret de oantreklike en mearsidige útwurking fan it projekt troch de gearwurkjende skoallen. Mei in popsong oer de skries en it Greidhoeke-sjoernaal is it in orizjineel en oansprekkend projekt, neffens de sjuery.

Winner fuortset ûnderwiis
De útslach yn de kategory fuortset ûnderwiis:
1e priis: Lauwerskolleezje, Bûtenpost
2e prijs: CSG Anna Maria van Schurman, Frjentsjer
3e prijs: VSO Talryk, Drachten

De learlingen fan it Lauwerskolleezje krije op in bysûndere wize skiekundeles. Troch it tameitsjen fan iten komme se op in oare wize yn ’e kunde mei it fak skiekunde. Se moatte harren bygelyks ferdjipje yn de gemyske prosessen dy’t in rol spylje by it bakken fan oaljekoeken. De sjuery is entûsjast oer dit projekt om de skiekundige wrâld op in oare wize sjen te litten as út in boek.

Publykspriis
It projekt Greidhoeke goes Onderwijs hat ek de publykspriis yn de kategory basisûnderwiis wûn en CSG Anna Maria van Schurman út Frjentsjer yn de kategory fuortset ûnderwiis.

De Nasjonale Underwiispriis is in inisjatyf fan it INOP, it Ynstitút foar Nasjonale Underwiispromoasje. Mear ynformaasje oer de ûnderwiispriis stiet op: http://www.onderwijsprijs.nl/.

 

jannewaris 26, 2019 13:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.