Twa projekten út Fryslân meitsje kâns op Appeltje van Oranje 2019

jannewaris 7, 2019 09:27

Publyk kin no stimme op favoriten

Twa projekten út Fryslân meitsje kâns op in Appeltje van Oranje 2019. En alle Friezen kinne no stimme op harren favoryt. Der binne yn totaal noch fjirtich projekten yn ’e race foar de prizen, dy’t jierliks troch it Oranje Fûns útrikt wurde oan útsûnderlike sosjale projekten. Stimme kin oant en mei 16 jannewaris 23.59 oere fia stem.oranjefonds.nl.

Foto: ©Oranje Fonds

It tema fan de Apeltsjes fan Oranje is dit jier ‘De krêft fan mei-inoar; frijwilligers dogge mear!’ Dat betsjut dat alle kânshawwers op in bûtengewoane wize frijwilligers mobilisearje en entûsjast hâlde om sa oaren te helpen. Tanksij dy projekten sjogge minsken nei-inoar om, en hoecht net ien yn Nederlân der allinnich foar te stean. Dat is al in bysûndere prestaasje op himsels, mar der binne mar trije Apeltsjes fan Oranje te ferjaan. It oantal stimmen dat de kânshawwers krije bepaalt wa’t trochkringe nei de lêste tsien nominaasjeplakken. Dêr wurde troch in sjuery úteinlik de trije winners út keazen.

Fryske projekten
De Fryske projekten dy’t kâns meitsje op in Apeltsje fan Oranje binne Fier Summerschool fan Fier yn Ljouwert en MFC De Beijer yn Rinsumageast. Fier Summerschool lit fammen en jonge froulju dy’t by Fier opfongen en behannele wurde harren talinten ûntdekke. En MFC De Beijer biedt in moetingsplak oan alle ynwenners fan Rinsumageast en Sybrandahûs.

Keninginne Máxima
De prizen wurde yn maaie 2019 útrikt troch Keninginne Máxima op Paleis Noordeinde. De trije winners ûntfange in brûnzen byldsje, makke troch Prinsesse Beatrix, en in jildbedrach fan 15.000 euro.

Oranje Fûns
It Oranje Fûns bout oan in sosjale maatskippij, wêryn’t minsken der foarinoar binne en elkenien meidwaan kin. Dêrom mobilisearret, fersterket en stipet it safolle mooglik minsken en organisaasjes dy’t soargje dat net ien der allinnich foar stiet. De stipe bestiet út ynspiraasje, advys, kennis en jild. It Fûns kin dat dwaan troch de help fan ûnder mear de Postcode Loterij, de Nederlandse Loterij, Freonen en bedriuwen. Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima binne it beskermpear fan it Oranje Fûns.

jannewaris 7, 2019 09:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.