Tolve gadingmakkers foar Smellingerlân

jannewaris 11, 2019 15:30

wikipedy.frl

Op de funksje fan boargemaster fan Smellingerlân hawwe tolve minsken sollisitearre. Fan de njoggen manlju en trije froulju is ien jonger as fyftich jier. Mear as de helte fan de kandidaten is lid fan de VVD (4) of fan it CDA (3). De oare fiif gadingmakkers binne lid fan D66 (2) of PvdA (1) of fan gjin inkelde partij (2). By de foarige boargemastersproseduere foar Smellingerlân yn 2012 wiene der tweintich sollisitanten.

De boargemasterspost yn Smellingerlân kaam oardel jier lyn frij neidat Tjeerd van Bekkum direkteur waard fan de stifting Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Tom van Mourik folge Van Bekkum tydlik op as waarnimmend boargemaster. Mei it beslút om de fakatuere iepen te stellen, is wachte oant nei de gemeenteriedsferkiezingen fan ferline jier en it ynwurkjen fan de nije ried en it kolleezje.

Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok ferwachtet dat de nije boargemaster ein maart ynstallearre wurde kin. Van Mourik bliuwt oant begjin maart oan as waarnimmend boargemaster.

De kommissaris hat nei petearen mei kandidaten in seleksje út de gadingmakkers makke en dêr tongersdei oer oerlein mei de gemeentlike fertrouwenskommisje. Dy kriget alle sollisitaasjebrieven te sjen. De kommisje praat mei de selektearre kandidaten en bringt ferslach út oan de gemeenteried, foarsjoen fan in konseptoanrikkemandearring.

De ried beslút hokker twa kandidaten op de oanbefelling komme te stean en yn hokker folchoarder. De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en de ministerried folgje yn de foardracht oan de Kroan yn begjinsel de oanbefelling fan de ried. De Kroan beneamt de nije boargemaster by Keninklik Beslút.

jannewaris 11, 2019 15:30
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Joute de Graaf jannewaris 12, 10:20

    Der moatte beslist gjin mear vvd boargermasters by. Dy binne al oerfertsjinwurdiche. Dat strookt ek net mei de polityke ferhâldingen yn Smellingerlân, Set es in pwrylease boargermaster der del

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.