Tige tank foar jim stipe!
Resint ferskynd
In aksje fan in lêzer om ItNijs.frl te stypjen nei in strop troch rjochtsaken om foto’s blykt by it opmeitsjen fan de balâns oer ferline jier foar de Ried fan de Fryske Beweging (de útjouwer fan de Frysktalige webkrante) in lyts ynstruierke op te smiten.
Wy binne fergulde mei it feit dat party lêzers jild op ús rekken oermakke ha. De ponghâlder komt alles byinoar op it moaie bedrach fan € 555,-. De Ried en de redaksje wolle alle stipers tanksizze foar de toande belutsenens by It Nijs.
De redaksje hifket foto’s no, noch better as earder al, yngeand op auteursrjochten en hat, lykas ferline jier buorkundich makke, foar de wissichheid in knoarre âlde foto’s fan de webside helle. Foar It Nijs moat wurke wurde mei in tige beheind budzjet en der binne al hielendal gjin sinten om foto’s te keapjen. Foar de ôfbyldings by artikels op It Nijs brûkt de redaksje dêrom altyd eigen of rjochtefrij materiaal.
It ynstruierke kin de ponghâlder ôflûke fan de mear as trijetûzen euro oan kosten, dêr’t twa fotografen de Ried mei opskipen. Dat is dus lang net tarikkend en soks hat gefolgen foar de nijsfoarsjenning. Dat, foar wa’t noch wat misse kin: stipe foar It Nijs bliuwt wolkom! Bydragen kinne noch hieltyd oermakke wurde op bankrekken nûmer NL55 INGB 0001 1234 54 fan de Ried fan de Fryske Beweging yn Ljouwert.
Deistich bestjoer Ried fan de Fryske Beweging
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje