Tekenwûnder kreëarret simultaan mei twa hannen twa hyperfotorealistyske tekeningen

jannewaris 25, 2019 11:11

Simultaan tekenjen mei sawol de linker- as de rjochterhân is in tige lestige keunstfoarm, dy’t nea earder útfierd is mei kleurpotleaden yn it hyperrealisme. Tekenwûnder Rajacenna hat no sawol Taylor Swift as Selena Gomez tagelyk ferivige yn twa kleurige potleadtekeningen.

Foto: Rajacenna

Ambidekstry
Rajacenna hat in kundichheid dy’t sjenyen as Albert Einstein en Leonardo da Vinci ek hiene. Ambidekstry of twahandichheid is in seldsum fenomeen. Mar ien persint fan de wrâldbefolking hat dat fan natuere. Mei beide hannen tagelyk tekenje kinne is tige opmerklik te neamen. Mei de linker- en rjochterhân op itselde momint twa folslein ferskillende tekeningen produsearje is noch útsûnderliker. En no giet it ek noch om hyperfotorealistyske tekeningen. De eagen fan Rajancenna wurde faak ferlike mei dy fan in fotokamera. Har dokter sei ris: “Har harsens moate tige yngewikkelde prosessen berekkenje foar’t dy de ynformaasje nei har hannen stjoere.”

Sûnder in keunstoplieding dien te hawwen, waard Rajacenna as puber (2009) wrâldwiid bekend mei har tekeningen dy’t net fan in foto te ûnderskieden binne. Hja hearde al jong ynienen ta de bêste artysten op ’e wrâld.

Justin Bieber
Yn 2011 frege Justin Bieber’s platemaatskippij har om de tekening dy’t se fan him makke hie, him persoanlik te jaan. En sjonger-ferskesskriuwer Adam Young frege har om in promosjonele tekening te meitsjen foar de fideo fan it meitsjen fan it omkaft fan syn album. Mobile Orchestra.

It hiele proses fan de simultane tekeningen is te sjen yn in fideo op YouTube:

jannewaris 25, 2019 11:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.