Taalkundige Van der Horst: meartaligens is neat bysûnders

jannewaris 17, 2019 15:17

Wa’t Noarsk of Frysk praat, praat oer it generaal syn eigen dialekt. Dat binne lykwols útsûnderings. De ôfrûne pear hûndert jier is yn Europa it idee ûntstien dat der fan in taal mar ien goede foarm bestean koe. Fierder waard meartaligens sûnt dy tiid bestriden yn ús stik fan ‘e wrâld. Op oare plakken en yn oare tiden is meartaligens neat bysûnders.

Dat skriuwt taalkundige Joop van der Horst op it webstee fan de ynternasjonale feriening foar nearlandistyk INL. Hy wiist derop dat Nederlânskpraters har ynearsten ek net folle fan de nije standerttaal oanloeken en dat kranten noch lang allegear dialekten trochinoar hinne brûkten. Van der Horst skriuwt: “Eigenlijk zou onderzocht moeten worden hoe het kon gebeuren dat een hele samenleving, ja, een hele Europese cultuur, van mening raakt dat eentaligheid de oorspronkelijke en ideale toestand is, en dat meertaligheid een betreurenswaardige verstoring van deze ideale toestand is.”

Van der Horst docht syn útspraak yn in besprek fan it boek ‘Een mooie mengelmoes’ Meertaligheid in de Gouden Eeuw fan Marc van Oostendorp en Nicoline van der Sijs. Van der Horst hat sels ek in protte neitocht oer it ûntstean fan standerttalen. Yn syn boek Het einde van de standaardtaal út 2008 beskriuwt er hoe’t standerttalen opkommen en populêr wurden binne en hoe’t se de lêste tiid stadichoan wer mear ferskaat tasteane.

Van der Horst syn stik is hjir te lêzen:
https://www.ivn.nu/nieuws/column-67-meertaligheid-in-de-gouden-eeuw-1734

jannewaris 17, 2019 15:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.