Sybren Singelsma: Tank oan de giele heskes

jannewaris 4, 2019 07:19

Kollum

By ús yn de auto lizze in pear giele heskes. Yn België is dat ferplichte. Yn needsituaasjes moatte we dy oanlûke.

Frânske boargers hawwe dat de ôfrûne wiken massaal dien. Like it earst allinne mar te gean om te hege benzineprizen, troch de yn Frankryk ûnûntkombere sosjologen witte we no dat it om in miks giet fan ferlies oan keapkrêft en ymmigraasje oan de iene kant en in kleau tusken de elite yn de stêd en de middenklasse op it plattelân oan de oare kant.

Dat klinkt bekend, want wat docht bliken? Nei in tal jierren fan soberearjen freegje in protte Nederlanners har ek ôf wannear’t se de fruchten fan de besunigingen plukke kinne no’t de ekonomy wer goed op stoom kommen is.

Dêr is spitigernôch net folle romte foar. De ûnderhannelers fan Rutte III binne ta in soad nije ynsichten kommen. Tochten se earst al dat de dividindbelesting ôfskaft wurde moast sûnder dat soks ek mar yn watfoar ferkiezingsprogram stien hie, op it mêd fan it klimaat kamen se ek ta nije ynsichten. En hoewol’t GrienLinks net yn it regear sit, binne Rutte en Wiebes folslein bekeard ta it klimaatleauwe. Alhoewol’t de Nederlânske bydrage oan de mindere opwaarming mar 0.0003% is, wol dit kabinet dêr wol fiif miljard euro it jier foar útlûke, te beteljen troch de boarger.

Krekt as mei de kwestje fan de dividindbelesting is dat net oan de kiezer foarlein. Goede foarnimmens binne wol yn de ferkiezingsprogram’s te lêzen, it priiskaartsje net. En sa is de gewoane boarger mei it regearakkoart, dêr’t oare saken yn steane as yn de ferkiezingsprogram’s, wer troch Rutte bûten spul set.

Mar as it wol oan de Twadde Keamer foarlein wurdt, dan is it dochs demokratysk? Formeel wol, mar itselde senario wurdt folge as mei it ‘Enerzjyakkoart foar duorsume groei’. Earst wurdt mei alderhande maatskiplike organisaasjes oerlein, en dan wurdt de Keamer sein dat dy eins neat feroarje mei, omdat it al mei it maatskiplik middenfjild ôfstimd is.

Dat middenfjild hjit no Klimaattafels. Oan dy tafels moatte ûnder lieding fan de politikus dy’t foarhinne bekend stie as liberaal, Ed Nijpels, foarakkoarten sletten wurde oer maatregels om Nederlân klimaatneutraal te meitsjen. Dy maatregels moatte troch de Twadde Keamer goedkard wurde, mar krekt as mei it enerzjyakkoart liket it derop dat it der trochhinne drukt wurdt, mei as argumint dat de mienskip, yn de foarm fan it maatskiplik middenfjild, it al oannommen hat.

Dat argumint liket wat minder oannimlik troch de giele heskes. Foar Rutte soe dat it twadde dossier wêze dat ôfsketten wurdt omdat it regear wat trochdrukke wol dat net troch de kiezer goedkard is.

It probleem fan de polityk is net de boarger, mar it systeem dat syn stim yn beslútfoarming fertaalt. Foar de twadde kear wurdt it parlemint útskeakele trochdat in ûnderwerp dat net oan de kiezer foarlein is, net echt mear yn it parlemint bepraat wurde kin, omdat it ûnderdiel fan it regearakkoart is, of al mei it maatskiplik middenfjild ôfstimd is. Mei oare wurden: de koälysje hannelet sûnder mandaat en hâldt en draacht him as in technokratyske autokraat.

Begryplik dat de boarger dat net nimt, mei tank oan de giele heskes dat sy de klimaattafels ôfromje wolle!

Sybren Singelsma wie Ofdielingshaad by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny. Hy skriuwt foar It Nijs op persoanlike titel.
jannewaris 4, 2019 07:19
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes jannewaris 5, 10:12

    Yn Nederlân moat ek in giel fest oanlûken wurde as jo lâns de dyk mei maleur komme te stean. De 2e keamer lit harren altiten bûtenspul sette en eamelje der nochris oer, mar troch it regear akkoard wurdt er neat feroare. Wy as boargers betelje altiten, soe it betelle wurde troch de bedriuwen, dan rekkenje sy it troch op de ferkeap prizen. By dit regear wurde de riken foarlutsen en de earmen betelje de priis. Net mear VVD en CDA stimme. Stim op de Partij fan ‘e bisten, Grienlofts en/of de SP. Yn Fryslân op de FNP fansels.

  2. Pier de Groot jannewaris 5, 14:17

    Johannes soe de flymskerpe analize fan Singelsma nochris lêze moatte: krekt de oanbefelle partijen besykje op ûndemokratyske wize harren pseudoreligieuze wrâldbyld oan de boargers op te lizzen. De ienichsten dy’t in tsjinwicht foarmje binne FvD en PVV.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.