Spannende striid om klupkampioenskip Frysk damjen ferwachte

jannewaris 8, 2019 10:30

Sneon 12 jannewaris 2019 stride de ferieningen dy’t by it Dambûn Frysk Spul oansletten binne yn seal Bergsma yn Easterein wer om it klupkampioenskip. Ferline jier gie yn ’e kampioensklasse de heechste eare nei de damklup út Hartwert. Hoewol’t de Hartwerters wer favoryt binne, is it net sein dat se dat ek wiermeitsje kinne. Ferline jier wiene de ferskillen tusken de klups minimaal, sawol it kampioenskip as de degradaasje waard doe beslist op boerdpunten.

Hartwert sil dan ek foaral wer rekken hâlde moatte mei Aldegea-SWF, mar de striid fan ferline jier hat sjen litten dat Lollum-Waaksens in gefaarlike outsider is. Wat Blauhús dwaan sil is ek spannend. De ploech striidt foar it earst mei op it heechste nivo en sil graach sjen litte dat de promoasje net in tafallichheidsje wie.

Oer de striid yn ’e twadde klasse binne folle minder ûnwissichheden. Skearnegoutum sil sûnder mis dúdlik meitsje dat de degradaasje fan ferline jier in fersin west hat.

jannewaris 8, 2019 10:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.