Sneon junior en senior kloklieders aktyf yn Blauhús

jannewaris 16, 2019 09:06

Sint-Fitustsjerke yn Blauhús (foto: Wikipedia/Bouwe Brouwer – lisinsje CC BY-SA 3.0)

Sneon 19 jannewaris wurde middeis 13.00 oere rûnom yn ’e provinsje de tsjerkeklokken wer let as symboalyske iepening fan de aksje Kerkbalans. Yn Blauhús hawwe harren mar leafst tsien kloklieders oanmeld. Dêr hearre Sanne (8), Tialda (6) en de betûfte kloklieders fan Greonterp en Wjelsryp ek by.

Gast-kloklieder Barteld Post (15) fan Wjelsryp hat al hiel wat Fryske tsjerkeklokken let en filme: “De measte wurkje tsjinwurdich elektrysk, mar yn Blauhús moatte we sneon yn ’e touwen, gewéldich!” John Weel, koster fan de monumintale Blauhúster Sint-Fitustsjerke, fertelt sneon earst wat oer de symbolyk fan kloklieden. Bygelyks, wêrom’t de iene kear mei ien klok en in oare kear mei trije klokken let wurdt.

Nei in lytse demonstraasje, litte de tsien frijwilligers in healoere lang harren keunsten oer Blauhús en omkriten galmje.

jannewaris 16, 2019 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.