Sneon 12 jannewaris iepen dei archeologysk ûndersyk Boalsert

jannewaris 12, 2019 10:31

It archeologysk ûndersyk efter it eardere stedhûs yn Boalsert rint op syn ein. Dêrom organisearret de gemeente Súdwest-Fryslân in iepen dei op sneon 12 jannewaris. Dat bart yn gearwurking mei de archeologen fan RAAP Adviesbureau, dat sûnt heal novimber ûndersyk docht.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

“Elkenien dy’t sels de hunebêdstiennen fan Boalsert en oare bysûnderheden besjen wol, is fan herte wolkom”, seit gemeentlik archeolooch Yvonne Boonstra. “Wy binne yn de ôfrûne wiken hiel wat nijsgjirrige dingen te witten kommen oer tûzen jier Boalsert op dit plak.”

De ûndersikers fertelle tusken 10.00 en 14.30 oere oer de spoaren en it fynstmateriaal. Spoaren as putten, ferskate âlde muorren en in steger binne te bewûnderjen yn it fjild. Der wurdt ek in seleksje fan it fynstmateriaal toand. Besikers wurdt oanret learzens oan te dwaan, want it is blabzich op it plak fan it ûndersyk.

De yngong fan de opgraving is oan de Wipstrjitte yn Boalsert, neist it eardere stedhûs, te berikken fia de Jongemastrjitte. Wa’t mei de auto nei Boalsert komt, kin parkeare op Plein 1455.

jannewaris 12, 2019 10:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.