Sjoernaliste-organisaasje PEN yn noed oer parsefrijheid yn Spanje

jannewaris 13, 2019 20:44

De frijheid om te sizzen wat jo wolle wurdt yn Spanje bedrige. Dat skriuwe Alyssa Edling en Thomas Melia fan de ynternasjonale sjoernaliste-organisaasje PEN freed op it webstee pen.org. Hja hawwe benammen noed fanwegen de reaksjes fan ’e Spaanske oerheid op Katalaansksinnige lûden.

“De reaksje fan ’e Spaanske oerheid op stimmen dy’t opkomme foar in ûnôfhinklik Kataloanië makket diel út fan in bredere tendins yn it lân om de romte foar ôfwikende mienings yn Spanje lytser te meitsjen”, skriuwe de twa sjoernalisten. Hja wize derop dat hieltyd faker minsken feroardiele wurde foar it oertrêdzjen fan kêst 578 út it Spaanske wetboek fan strafrjocht. Dy wet hat de bynamme ‘de mûleteamwet’. De wet komt út 1995 en wie derfoar ornearre om it iepentlik stypjen fan terrorisme strafber te ferbieden. Oarspronklik waard de wet benammen brûkt om oanhingers fan de Baskyske ETA en de kommunistyske GRAPO te straffen.

Poppespullen en lietteksten

Sûnt in pear jier wurdt de wet in stik rommer útlein, skriuwe Melia en frou Edling. Minsken binne feroardiele foar it oertrêdzjen derfan op grûn fan Twitterberjochten, poppespullen en lietteksten. Ien fan ’e bekendste feroardielings is dy fan de sjonger Josep Miquel Arenas Beltrán, bekend ûnder de artystenamme Valtònyc. Yn syn nûmer Tuerka Rap jout er krityk op de kontakten tusken it Spaanske en it Saoedyske keningshûs en op ’e grutte útjeften fan ’e Spaanske keninklike famylje. Hy waard troch in Spaanske rjochter feroardiele ta in finzenisstraf fan fjirdel jier, mar flechte nei België, dat him net oan Spanje útleverje wol.

Sûnder proses opsletten

De skriuwers fan it PEN-artikel binne ek tige kritysk oer de omgong fan ’e Spaanske oerheid mei it Katalaanske stribjen nei selsstannigens. By it delslaan fan in freedsume demonstraasje foar ôfskieding yn 2017 troch de plysje rekken njoggenhûndert minsken ferwûne. Twa politike foaroanlju út ’e Katalaanske beweging, Jordi Cuixart en Jordi Sànchez, binne yn hongerstaking gien om dertsjin te protestearjen dat hja noch altyd sûnder proses yn ’e finzenis sitte. De ôfsette Katalaanske presidint Carles Puigdemont ferbliuwt yn ballingskip yn België.

It stik fan PEN is hjir te lêzen:
https://pen.org/free-expression-catalonia/

jannewaris 13, 2019 20:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.