Simone Djurrema: Kâld?

jannewaris 19, 2019 20:00

Kollum

Ik leau dat ik it alris yn in kollum skreaun haw, dat wy oant myn sechtjinde jier ta gjin sintrale ferwaarming hiene. Dat wie doe’t ik fertelde oer ús sintrale ferwaarming op hout, dy’t wy hjir yn Sweden hawwe. Dy giet nachts út, sadat wy moarns yn ’e kjeld sitte.

Eartiids hie mem de kachel nachts op ’e waakflam, en as wy boartsje woene, moast dat op myn keamer, want dat wie de iennige sliepkeamer mei in kachel, en dan moast er in healoerke fan tefoaren oan. Letter krige myn sus in gevelkachel op har sliepkeamer. Dat wie in grutte foarútgong.

De skoarstienfeier sei ôfrûne simmer dat ús âlde ferwaarmingstsjettel noch wol jierren mei koe, mar dat it ek samar dien wêze koe. “Dat bart altyd mei de krystdagen”, sei er. Syn wurden hawwe spitigernôch profetysk west.

Krekt foar de krystdagen hiene we wat focht yn it jiskelaad. Lekkerij, it wie út. Woansdei 2 jannewaris koene we pas by de pleatslike saak terjochte om in nije te bestellen. En it wie fansels net om ’e nocht! De grize gie my oer de grauwe, doe´t ik de prizen hearde, mar it wie dan ek de “Rolls Royce fan de kachels: nea problemen mei!” bewissige Kalle my. (Kalle” stiet foar Karl Johan, wat Kekke is foar Gerrit.) Ik besocht noch om in Volvo te krijen, mar tusken de Rolls Royce en in Peugeootsje is blykber neat op ’e merk.

Wy hiene ek noch in gelokje. Kunde fan ús hie noch in akkumulatortank oer. Dat is in tank dêr´t men de waarmte yn 500 liter wetter yn opslaan kin, sadat men de oare deis ek noch waarmte hat! Wy hawwe der gelokkich plak foar njonken de nije houttsjettel. Der sit ek wer in ûne mei itensiedersplaat oan fêst en dizze is grif better te regeljen as de âlde, dat hjir kinne we hooplik in grut part fan it jier moai op itensiede en yn bakke. Dat, mei oare wurden, wy geane der allininch mar op foarút!

Oant dy tiid hawwe we allinnich ús âlde waarmtepomp yn ’e wenkeamer. Hy mei it net bejaan!!! As it kwik ûnder de -5 graden sakket, rêdt er it krekt net mear. Dan moat der in elektrysk kacheltsje by. Dêr moatte we wer foarsichtich mei wêze, omdat de stroom fan beide huzen én fan ús dochter har appartemint allegearre noch op ien hûsoansluting sitte. Wy hawwe no in hierder, dat wannear´t yn beide huzen itensean en de ûne oanset wurdt, kin Hindrik grif nei de skuorre om der nije stoppen yn te setten.

Wat bedjert men gau as men jierrenlang in waarm hûs hat! Ik moat sa no en dan oan myn bernetiid weromtinke: sa slim is it no ek wer net ferlike mei doe.Wy geane selektyf mei ús ekstra kacheltsje om, yn ’e keuken as ik itensiede sil, in oerke foar bêdtiid yn ’e sliepkeamer. Op it stuit sit ik mei in dekbêd om my hinne, om dizze kollum te skriuwen yn ’e kâlde keamer dêr’t de kompjûter stiet, want ik woe dûse, dat no mei de badkeamer opwaarmje. Ik moat daliks ophâlde, want de hannen ferkrampe my hast. Jimme moasten my ris sjen kinne. It liket nearne nei!!!

It is in drama om oan in ynstallateur te kommen. Mei dy tank en ûnbekende dingen doar Hindrik it net rjocht oan om it sels te dwaan. It kwik is, neidat ik dizze kollum oan it begjin fan ’e wike skreaun haw, ûnder de -5 fiif sakke… Mar de lju dy’t de nije tsjettel ynstallearje moatte binne begûn! Nije wike komt it hooplik ôf! Wy geane spannende tiden yn ’e mjitte. Mar it is altyd noch better as dy minsken oan ’e oare kant fan it lân dy’t trije moanne sûnder stroom sitte. Sjoch, it kin altyd minder.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
jannewaris 19, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.