Sa fier is it al hinne: Frysktaligen prate ûnderinoar Nederlânsk

jannewaris 6, 2019 13:06

Frysk is yn ’e winkel al net mear normaal

Der is net folle op ’e hispel kaam fan myn projekt foar de Kulturele Haadstêd. Alteast, dat gefoel krige ik doe’t ik mei de jierwiksel op ’e Jouwer wie. Yn de Trekpleister wie in klant wakker mei in winkelfaam earne oer oan it redendielen. Yn it Nederlânsk. Doe’t ik in bern wie, wie dat in útsûndering, mar no net mear, dat ik bestege der ynearsten gjin oandacht oan. Lykwols foel my op dat oan de ein fan it petear de man ynienen oergie op it Frysk, wylst it famke it by Nederlânsk hold. Doe’t ik oan bar wie, prate ik Frysk tsjin har, want ik nim as Fries om utens as ik yn Fryslân bin altyd myn trekken waar om wer ris noflik myn memmetaal te praten en minsken dy’t my wat ferkeapje wolle ferstean my altyd. Diskear waard ik net allinnich ferstien, mar de winkeljuffer prate no tsjin my ynienen wol Frysk werom. Ik wie hielendal ferheard.

Oprop: eigen taal earst

Yn stee fan dat myn oprop om it Frysk safolle mooglik te brûken – en minsken dy’t ús taal net genôch yn ‘e macht hawwe te helpen dy te learen – rûnom neifolging kriget, wurdt der om ‘e nocht in protte Nederlânsk praat troch minsken dy’t it Frysk wol machtich binne mar dat net faninoar witte. Om foar te kommen dat it Frysk sadwaande stadichwei ferdwynt út it iepenbiere libben, soe dat de earste taal wurde moatte fan de provinsje. Dat bedoel ik gronologysk: de taal dêr’t we altyd mei úteinsette. Dêrmei stimulearje we dat it Frysk yn alle gefallen safolle mooglik brûkt wurdt. Dat is tige wichtich, want hoe minder oft we ús taal brûke, namste mear er fan ús ôfgiet. Dat, stjoer myn oprop troch, dan no mar yn it ramt fan de legacy fan de Kulturele Haadstêd (of litte we dat it beërf nimme, lykas Frysk Beweger Roel Falkena útstelt).

Frysk soe by offisjele gelegenheden likegoed normaal wurde moatte

It soe o sa fertuten dwaan as oerheden mear it goeie foarbyld joegen. Dat seach ik te min op de nijjiersresepsje fan de gemeente De Fryske Marren, dêr’t ik ek mar efkes hinne tein wie. No ja, wethâlder Durk Durksz hie in moai ferhaal yn it Frysk, by it útrikken fan de gemeentlike kultuerpriis oan Eppie Dam foar in dichtbondel. Gjin niget, want it biedwurd by dy kultuerpriis is, sa waard sein: Frysk as it heal kin. Mar as de gemeente soks fan oaren freget, wêrom dogge se it dan sels net? Want de nijjierstaspraak fan boargemaster Fred Veenstra wie net yn it Frysk. Hy praat dy taal poerbêst, dat is it probleem net. En hoewol’t ik amper oars heard ha, sille net alle oanwêzigen Frysk prate, mar it tink net dat der ien wie dy’t dy taal net ferstie. Mei útsûndering dan faaks fan Henk Zandvliet, foarsitter fan de lanlike stifting foar Fairtrade Gemeenten, dy’t dat predikaat offisjeel takende oan De Fryske Marren. Mar de ynterne saken fan de gemeente sille Zandvliet net it measte ynteressearre hawwe en as we ús altyd ferbrekke as der ien yn it omsteand laach is dy’t net alles fuortendaliks hielendal folgje kin, kinne we ús taal no daliks wol ôfskaffe. Dus, dy taspraak koe net heal yn it Frysk, mar hielendal wol. It soe net oars as fair wêze foar de Frysktaligen en harren taal oer om it Frysk breder te brûken as allinnich mar foar kulturele ûnderwerpen. Fairtrade giet ûnder oaren oer duorsumens en wy wolle dat ús taal ek duorret.

Hawar, der komme noch safolle offisjele taspraken. As dy tenei mear yn it Frysk binne, soe dat o sa bydrage oan in better plak foar de eigen taal yn ús maatskippij. Us Kommissaris, dy’t foar nij-ynkommelingen it paad al wiisde mei it op lettere leeftyd oanlearen fan it Frysk – dat fansels foar Nederlânsktaligen op syn minst like maklik te learen is as bygelyks it Ingelsk – joech dit jier it goeie foarbyld.

Nanne Hoekstra

jannewaris 6, 2019 13:06
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. mbc84 jannewaris 6, 17:22

    Wat tochten jo fan dizze, Hollânsktaligen dy’t meiïnoar Ingelsk prate… Ja hear, dit bart en faker as jo tinke… It folk hjir docht it sels, der is wol sa’n slim brekme oan eigenheid en eigen identiteit. It anty-nasjonalisme is sa ynkankere op ús minsken, se sjogge de mearwearde fan harren eigen net (mear), se binne allinnich mar mei in oar dwaande en siferje harrensels folslein fuort.
    Wat my oanbelanget, stek de diken mar troch en lit dit soadsje mar fersûpe. Lit it lân skjinspiele en it weromjaan oan ‘e see… Dit folk hat it lân net fertsjinne, ferrieders binne it.

  2. Abe jannewaris 6, 17:39

    Sympatike mar ûnskealike opropkes om mar foaral Frysk te praten hearre wy al sa’n 150 jier en struie ús inkeld mar sân yn ‘e eagen. Wat noadich is: konkrete politike easken en jim partij en de oerheid derop fergje dêrfoar te skreppen. Al it oare is bewegingsfolkloare. En dat rimet.

  3. Hâns J. Weijer jannewaris 6, 17:41

    Ik haw yn 2003 de sprekwurdewedstriid wûn mei :’It Frysk sil bliuwe sei Ate, as oaren it mar skriuwe en prate.’ In polityk laden sprekwurd, dêr’t – ik tink dêrom – efterôf net folle omtinken oan jûn is en wurd. Hjoed betocht ik: ‘It Frysk sil bliuwe sei Hâns, dat yn ‘e goedichheid jou it noch in kâns!.’ Faaks is it noch te let.

  4. Hâns J. Weijer jannewaris 9, 17:52

    Begjin sels yn it Frysk en dan docht bliken dat de oar it ferstean kin en meastentiids ek wol prate kin!
    Josels ‘bleat’ jaan mei jo eigen namme is trouwens ek net ferkeard.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.