Radio 1-bus Kwesties stiet snein yn Ljouwert

jannewaris 13, 2019 09:12 Fernijd

Utstjoering: snein 13 jannewaris 2019, 20.00-21.00 oere, NPO Radio 1, streekrjocht út Ljouwert wei

Marianne van den Anker (foto: NTR/Wim Kluvers)

Driigjend húsdoktertekoart Fryslân
Der is in húsdoktertekoart yn Fryslân, wêrtroch’t hieltyd mear minsken sûnder húsdokter sitte. Op koarte termyn gean mear as hûndert Fryske húsdokters mei pinsjoen en de ynstream fan jonge húsdokters stiket. Yn Ljouwert groeie de wachtlisten. Hoe kin men dat probleem oplosse? Moat men it berop fan húsdokter oantrekliker meitsje troch it lean te ferheegjen? Moatte we húsdokters ymportearje út it bûtenlân? Of moatte we de stúdzje genêskunde makliker meitsje? Moatte we húsfêsting foar dokters goedkeaper meitsje of bonussen jaan oan dokters dy’t har yn Fryslân fêstigje wolle?

Marianne van den Anker praat deroer yn de NPO Radio 1-bus mei politisy, boargers en húsdokters. Fierder yn de útstjoering:

Skoallen foar basis- en fuortset ûnderwiis yn Fryslân moatte ophâlde omtinken te jaan oan de Fryske taal
Marianne van den Anker praat mei in groep Friezen yn de bus oer de Fryske taal. Moatte wy grutsk wêze op de twadde rykstaal en trochjaan mei it jaan fan Fryske les op Fryske skoallen? Is dat eat dat by de opfieding heart? Of is dat ûnsin, om’t net elkenien fan hûs út Frysktalich is en net elkenien ferlet hat fan it Frysk as twadde taal?

It gemeentebestjoer fan Ljouwert moat de ynstream fan Antillianen oan bannen lizze, om’t se foar oerlêst soargje
In protte Antilliaanske jongelju beslute te ferhúzjen nei de Fryske haadstêd. De gemeente besiket dat foar te kommen, fanwege ferwachte útkearingsôfhinklikheid, opfiedingsproblemen, puberswangerskippen en it earder ferlitten fan de skoalle. Stiet Ljouwert dêrmei yn syn rjocht of binne de Antillianen gewoan Nederlanners dy’t har oeral fêstigje meie?

Dêrneist is it fuortbestean fan COC Fryslân tige ûnwis no’t de subsydzje fan de Provinsje stopset is. Is it ûnakseptabel dat Fryslân him net oanslút by de reinbôgeprovinsjes of is it tryst dat der noch hieltyd oer diskusjearre wurde moat en is elkenien gelyk yn Fryslân?

Panelleden
Pier Bergsma, foarsitter Fryske Beweging
Gert-Jaap van Ulzen, âld-bestjoerder VVD Ljouwert
Ricardo Brouwer, bestjoerder PvdA Roze Netwerk
Frenk dos Santos, muzyklearaar foar jongelju

Te gast
Frits Krijnen, earder húsdokter
Karin Groeneveld, húsdokter en bestjoerder LHV Huisartsenkring
Andries Ekhart, PvdA-gemeenteriedslid en earder wethâlder
Otto van der Galiën, fraksjefoarsitter Lijst 058

Oer Kwesties
Kwesties is it wykliks live debatprogramma fan de NTR. Politisy, saakkundigen en foaral de direkt belutsenen sels komme oan it wurd oan baarnende kwestjes yn Nederlân. Presintatrise Marianne van den Anker reizget sneintejûns mei de NPO Radio 1-bus ôf nei in oare provinsje dêr’t har aktuele en kontroversjele ûnderwerpen ôfspylje dy’t te krijen ha mei ferskaat, libbensbekôging en maatskippij.

Diskusjearje mei
Praat mei op Twitter: @kwesties_ntr, brûk de hashtag #kwesties.
Besjoch de Facebookside: www.facebook.com/kwesties.

jannewaris 13, 2019 09:12 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.