Protte ynsidinten mei drones yn Fryslân

jannewaris 26, 2019 12:53

Foto: pixabay.com

By it fleanen mei harren drone reitsje minsken yn Fryslân harren fleantúch yn trochsneed 17,5% faker kwyt as lanlik it gefal is. Dat blykt út buroûndersyk fan it Aansprakelijkheidsverzekering InformatieCentrum (A.I.C.), dat dy konklúzje luts op basis fan iepenbiere data fan drone-ynsidinten.

Yn totaal analysearre it A.I.C. 545 ynsidinten. Oeriselers binne lykwols de grutste brokkepiloaten. Sûnt 2015 ferlearen dy 40,4% faker as lanlik harren drone. Limboarch hat de bêste bestjoerders: dêr wiene krekt 40,4% minder ûngelokken mei drones as lanlik.

Sinjaalferlies wichtichste oarsaak
Fan de minsken dy’t de oarsaak fan it ynsidint oanjoegen wyt 64% dat oan it ferliezen fan it sinjaal tusken de drone en de ôfstânsbetsjinning. As twadde oarsaak wurdt de wyn neamd (25,8%). In lege batterij is yn 1,7% fan de gefallen de oarsaak.

Fersekerje
Yn de measte fallen wurdt de skea fergoede troch de oanspraaklikheidsfersekerder, mar it is better om jin net te gau bliid te meitsjen, neffens Simon den Hollander fan it A.I.C. “It is ferstannich om earst djip yn de eigen poalisbetingsten te dûken. Fersekerders fergoedzje ommers inkeld ûnder spesifike eigen betingsten, en stelle easken oan bygelyks it maksimale gewicht fan de drone, en soms ek oan de manier, de lokaasje en it tiidstip fan fleanen.”

Mear ynformaasje oer de spesifike betingsten by de ferskate fersekerders is te finen op de ûndersyksside fan it A.I.C.

jannewaris 26, 2019 12:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.