Partij voor de Dieren ferjit it Frysk

jannewaris 27, 2019 14:23

De Partij voor de Dieren (PvdD) hat it Frysk oer de holle sjoen by it gearstallen fan it ferkiezingsprogramma foar de Fryske Steaten. Dat docht bliken út in ynterview dit wykein mei listlûkster Rinie van der Zanden yn it Friesch Dagblad. Neffens Van der Zanden is ‘taalbeleid niet onze corebusiness’. Se jout ta dat it ‘eigenlijk wel een omissie’ is dat der gjin spearpunten oangeande it Frysk taalbelied yn steane.

Op 20 maart binne de ferkiezings foar Provinsjale Steaten fan Fryslân. Neist de bistepartij dogge mear as 10 partijen mei oan dy ferkiezings.

jannewaris 27, 2019 14:23
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Hâns J. Weijer jannewaris 27, 18:22

    Dat de dieren muoite ha mei it Frysk is net sa frjemd, dy moatte oan alle talen earst wenne.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.