Ofslútdyk luts 700.000 besikers yn 2018

jannewaris 22, 2019 10:50

Deputearre Klaas Kielstra nimt it ûndersyksrapport van dr. Albert Postma, NHL-Stenden University yn ûntfangst.

Mei 700.000 besikers oan de Ofslútdyk is dat tal de lêste jierren mear as ferdûbele. Op Koarnwertersân kamen mar leafst fiifkear safolle toeristen. NHL-Stenden University ûndersocht dat yn opdracht fan De Nije Ofslútdyk. Mei troch it Ofslútdyk-waadsintrum en LF2018 is de Ofslútdyk better op ’e kaart set. Dêr is goed mei ynspile op de lanlike groei fan it toerisme.

De útkomsten fan it ûndersyk binne tongersdei 17 jannewaris 2019 bekend makke op it sympoasium oer it toerisme op de Ofslútdyk. Deputearre Kielstra: “De yn 2014 rûsde effekten fan ynvestearringen yn in toeristyske Ofslútdyk wiene realistysk. Mear toeristen betsjut mear kânsen foar ûndernimmers yn de kop fan Noard-Hollân en Fryslân. Straks mei it fytspaad by it Waad lâns, de Fismigraasjerivier en it fernijde Monumint binne der noch mear mooglikheden foar fierdere groei.”

Onderzoek
Yn opdracht fan De Nije Ofslútdyk ûndersocht NHL-Stenden it toerisme op de Ofslútdyk yn 2018. Dat wie in ferfolch op de nulmjitting út 2014. By it Monumint en by Koarnwertersân is it tal besikers teld en is der ynterviewd. De positive resultaten komme mei troch LF2018. Hast 40% fan de besikers dy’t fan in fakânsje-adres kamen wiene dêr mei fanwegen Kulturele Haadstêd. Se kamen benammen om te genietsjen fan de omkriten en it útsicht (64%) en om wat learen oer de Ofslútdyk (52%).

Op it sympoasium hawwe ûndernimmers en oerheden mei-inoar praat oer it toerisme yn Nederlân en op de Ofslútdyk. Mei-inoar beseagen se hoe’t de regio noch mear profitearje kin fan de groei en it tal besiten oan de Ofslútdyk. Der wurdt ferwachte dat de lanlike toeristyske groei oant 2030 noch trochgiet

De Nije Ofslútdyk
De Nije Ofslútdyk (DNA) is oanjager fan ûntwikkelingen op de Ofslútdyk. Ferskate toeristyske projekten binne al úrfierd. Foor de marketing is gearwurke mei it Nederlânsk Buro foar Toerisme en Kongressen, de marketingorganisaasjes Merk Fryslân, Holland boven Amsterdam en Marketing Groningen.

jannewaris 22, 2019 10:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.