Oersetkriich ‘In the big rock candy mountains’

jannewaris 25, 2019 10:47

Yn De Nije, it nulnûmer fan it nije Frysktalige nijsblêd is in oersetkriich opnommen. It giet om it oersetten fan it liet ‘In the big rock candy mountains’. Dy countrysong giet oer in swalker. Hy dreamt oer in lân dêr’t de hinnen sêftseane aaien lizze en dêr’t de sigaretten oan de beammen groeie. It waard foar it earst op de plaat set troch Harry McClintock yn 1928. Nei de súksesfilm fan de bruorren Joel en Ethan Coen O Brother Where Are Thou út 2000 is it yn ferskate ferzjes op YouTube te finen. Yn de film wurdt it songen troch McClintock sels.

Oersettingen yn it Frysk, Nederlânsk, Bildts of Stellingwarfs moatte foar 1 maart 2019 stjoerd wurde oan ynfo@fryskebeweging.frl.

De haadpriis is in Harmonie-teaterbon fan € 150,00. Dêrneist binne der fiif cd’s mei muzyk út de film as treastpriis beskikber. De priisútrikking is op sneintemiddei 17 maart om 15.30 yn de Brasserie fan Stania State yn Oentsjerk mei muzyk fan de band fan Chris Kalsbeek.

Sjoch foar de tekst en mear ynformaasje op side 47 fan De Nije. Foar € 4,95 hast rûnom te keap.

Ried fan de Fryske Beweging
Bûterhoeke 1
8911 DH Ljouwert

jannewaris 25, 2019 10:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Hâns J. Weijer jannewaris 25, 17:45

    Foar in begjin hie it neffens my wol wat leechdrompeliger kinnen. Wolle jo teminsten aardich wat dielnimmers krije.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.