NXT-evenemint foar MKB-ûndernimmers

jannewaris 28, 2019 09:24

Miedema Accountants en Wefabric web & marketing presintearje NXT, in ynspirearjend evenemint foar MKB-ûndernimmers yn Fryslân. In tal nijsgjirrige sprekkers is útnûge foar it evenemint, dat holden wurdt op tongersdei 31 jannewaris yn de Broekster Tsjerke yn Broek.

Fan idee oant evenemint
Inisjatyfnimmers fan it evenemint binne Svea Reekers fan Wefabric en Janet Miedema fan Miedema Accountants. Reekers: “Ferline jier rûnen Janet en ik op de prachtige lokaasje fan de Broekster Tsjerke. Op dat plak besleaten we om dêr in evenemint foar ús relaasjes te organisearjean. In inisjatyf, ûntstien út entûsjasjme, dêr’t ús geweldige opdrachtjouwers krekt sa entûsjast by oanslute. In grut komplimint, sadat wy net oars kinne as dit inisjatyf grutsk oan te kundigjen. Oftewol: in evemint foar én troch MKB’ers. Mei nijsgjirrige sprekkers, aktuele ûnderwerpen, mar foaral mei ynspirearjende besikers!”

Sprekkers
It NXT-evenemint hat nijsgjirrige sprekkers útnûge. Miedema: “Us sprekkers binne ien foar ien besiele ûndernimmers. Tink dêrby oan Henk Pals, Arjan Postma, Michel van Kommer en Daan van der Hoeven. Dat sprekt ús en hooplik ús besikers ek tige oan. Oanslutend wurdt in netwurkbuorrel holden, dêr’t wy fan hoopje dat der weardefolle konneksjes lein wurde.”

Deifoarsitter is Bram van Dijk. Hy is techsjoernalist en bekend fan ûnder oare RTL Z. Hy nimt de besikers fan NXT mei yn de wrâld fan it ûndernimmen. Fan it starten oant it ferkeapjen fan jins bedriuw. Fan eartiids oant no, en fan hichtepunten nei it soms in triuwke yn de rêch nedich hawwen. Sprekker Arjan Postma jout syn fyzje oer de takomst fan it ûndernimmen. Henk Pals nimt de besikers mei yn de wrâld fan fúzjes en it oernimmen fan bedriuwen, en Michel van Kommer dy’t op syn 26e mei it oerhimdmerk From scratch begûn. Wat hat hy yn it (ynternasjonale) ûndernimmen ûnderfûn? Hy fertelt it by NXT.

Tagong fergees
NXT wurdt organisearre yn de Broekster Tsjerke yn Broek op tongersdei 31 jannewaris fan 15.00 oere ôf. Belangstellenden kinne har ynskriuwe foar it evenemint fia www.nxtevent.nl. Tagong is fergees. Tink derom: der is mar in beheind tal plakken, dus fol=fol.

jannewaris 28, 2019 09:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.