Noard-Fryske jongelju yn Ljouwert oer ús Frysk

jannewaris 8, 2019 21:14

De Noard-Fryske besikers op ’e trep fan it taalpaviljoen Obe oan it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. (Foto: Friisk Funk)

Yn desimber wie in gymnasiumklasse fan it Noard-Fryske eilân Feer/Föhr in wike op ekskurzje yn Ljouwert. De learlingen oernachten yn ’e Blokhúspoarte, wat benammen foar hilariteit soarge: mei har allen op in protsje yn in tige lytse romte, nota bene yn de finzenis. It Westerlauwerske Frysk koenen se aardich neikomme en se hawwe it ek wat praten leard, mar om alles yn detail te folgjen fûnen se bêst dreech. De measte yndruk makke de Aldehou, dy nuvere skeane toer. Noard-Fryslân hat gjin grutte stêden, dat it útsjoch fan ’e Aldehou ôf oer Ljouwert makke in soad yndruk.

It Noard-Fryske radiostasjon Friisk Funk hat in reportaazje makke fan de besite, yn it Noard-Frysk. Dy is hjir te beharkjen:
https://www.oksh.de/hoeren/mediathek/?beitrag=nuurdfresken-draap-ueueb-waastfresken

jannewaris 8, 2019 21:14
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Rob jannewaris 9, 14:56

    Spitich dat der op de side sels (fia de link) sein wurdt dat Ljouwert yn Hollân is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.