Nijjierstaspraak boargemaster Waanders fan Waadhoeke

jannewaris 9, 2019 10:46

Moandei 8 jannewaris hold boargemaster Waanders har earste nijjierstaspraak yn de gemeente Waadhoeke. Weromsjend op de âldjiersnacht hope se dat in soad minsken it mei har iens binne as se útsprekt dat it takomme jier oars moat. Te folle skea, fernielingen, rotsoai en brantsjes op plakken dêr’t it echt net koe en yn ien fan de doarpen de plysje bekûgele mei fjoerwurk. “It soe fan karakter stûgje as de helden fan de nacht har by de gemeente melde. Dan kinne wy ôfspraken meitsje oer it ferhelpen en takomme jier mei in skjin laai begjinne.” De tradysje fan it karbidsjitten is boarge. Fan de tritich oanfragen is der mar ien ôfwiisd, omdat yn de bedoelde wenwyk perfoarst net sketten wurde koe.

Waadhoeke hat no ien jier funksjonearre en it liket derop dat der in goede basis lein is om op de ynsleine wei fierder te gean. It gemeentebesjtoer lit him liede troch it motto fan ‘deunby bestjoeren’. Oansluting sykje by de krêft, de kennis en kunde dy’t yn de mienskip is. “It giet om tsjinstbere bestjoerders en ferbinende riedsleden en om meiwurkers dy’t aloan yntegraler meitinke en gearwurkje binnen en bûten de muorren fan it gemeentehûs.” Waanders wiisde op de fjouwer doarpekoördintoaren en de doarpe- en wikewethâlders. Dy hâlde kontakt mei de mienskip en de boargemaster giet ek op stap nei de doarpen en wiken. “Fitale en fearkrêftige doarpen en wiken: dat is ien fan de fjouwer tema’s fan it Untwikkelperspektyf 2018-2028. 2019 is it earste jier om troch te bouwen op it fûnemint.”

Yn it ramt fan de ekonomy spruts de boargemaster it meilibjen út mei it massale ûntslach by Hartman bv. De gemeente wol yn petear mei de direksje fan it bedriuw.

Wat de kultuer oanbelanget: “Dit jier blykt hooplik de krêft fan de meartalichheid yn Waadhoeke. Yn de Taalnota dy’t okkerdeis fêststeld is, binne de kânsen en de foarmen fan it stypjen neamd. Wy ferwachtsje it nedige fan it taalplatfoarm dat geregeld gearkomt om ideeën oan te dragen en de gong deryn te hâlden. Meartalichheid moat fansels benammen ûnderfûn en útdroegen wurde. Dat mei ek bûten de grinzen fan Waadhoeke en Fryslân.”

jannewaris 9, 2019 10:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.