Nijhoarne: man rydt plysje oan en rydt himsels dêrnei te pletter

jannewaris 17, 2019 14:26

Yn Nijhoarne hat in man in plysje oanriden en himsels dêrnei te pletter riden tsjin ‘e gevel fan syn eigen hûs.

De man siet yn syn auto oan ‘e kant fan ‘e Skoatterlânskewei. Hy hie de plysje belle en sein dat er mei spoed help nedich wie. Doe’t de plysjes oankamen, ried er fuort en ferwûne dêrby ien fan ‘e plysjes sa slim dat dy letter yn it sikehûs opnommen wurde moast. De plysjes skeaten op ‘e útnaaiende auto. Dy rekke fan ‘e dyk en bedarre tsjin ‘e gevel fan in hûs. Dat bliek it hûs fan de automobilist sels te wêzen. De auto fleach yn ‘e brân en de ynsitter ferstoar koart dêrnei.

 

jannewaris 17, 2019 14:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.