Nije lokaasje keunstwurk De Sipel bekend

jannewaris 10, 2019 15:13

Deinum hat twa sipels. De âldste stiet al sûnt 1589 op de tsjerketoer. Dêr is neat mis mei. De jongste is in keunstwurk fan Ids Willemsma út Easterwierrum, dy’t dat yn 2015 makke by gelegenheid fan it hûndertjierrich bestean fan Doarpsbelang. Dêr hat spul om west, net om it keunstwurk, mar om it plak dêr’t it stie.

It stie oarspronklik op de hoeke fan de Sint Janswei en de Spoarstrjitte, mar dy lokaasje soarge foar diskusje yn it doarp. It byld is alris ferpleatst en weromset, mar net sa’t it oarspronklik stie. No is in nij plak fûn. Is sil komme te stean op it plak dêr’t de Spoarstrjitte it doarp yn komt. It keunstwurk is no noch tydlik yn opslach.

De nije lokaasje is yn oerlis mei it bestjoer fan Doarpsbelang en Ids Willemsma keazen. Bram Bonnema, âld-wethâlder fan Frjentsjerteradiel en Littenseradiel, begelate it proses. Fanwegen de eardere diskusje oer de lokaasje like it alle partijen ferstannich ta om in ûnôfhinklike prosesbegelieder oan te lûken. Ids Willemsma makket no in ûntwerp foar de ynrjochting fan de beëage lokaasje, sadat it keunstwurk goed ta syn rjocht komt. Doarpsbelang kin dêrnei in omjouwingsfergunning oanfreegje, dy’t nedich is om De Sipel op de nije lokaasje del te setten.

jannewaris 10, 2019 15:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.