Nee, Peter Giesen fan de Volkskrant, dat hat minister Guillaume net sein

jannewaris 19, 2019 16:45

Foto: morguefile.com

De Frânske minister Didier Guillaume hat net allinnich yn syn eigen lân, mar ek yn Nederlân, de ôfrûne dagen in soad diskusje oanslingere. Oanlieding wie syn reaksje op in fraach oer wyn fan presintator Jean-Jacques Bourdin fan it praatprogramma Bourdin Direct fan omrop BFMTV.

De presintator freget: “Le vin, est-il un alcool comme les autres?”. Dat kin oerset wurde as ‘Is wyn in alkohol lykas alle oaren?’, mar ek as ‘Is wyn in alkoholyske drank lykas alle oaren?’. It antwurd fan ‘e minister is dat dat net sa is. Hy leit dêrnei út wat neffens him it ferskil is tusken wyn en oare alkoholyske dranken. Dêrby giet er yn op it kulturele ferskil tusken wyn en oare dranken. Yn ‘e Frânske media is de ôfrûne dagen gauris skreaun dat der yn wyn deselde soart alkohol sit as yn bier en sterke drank, nammentlik etanol, mar de minister hie de fraach blykber net ynterpretearre as soe dy gean oer de soarte alkohol, mar oer de soarte drank.

Peter Giesen skriuwt yn de Volkskrant fan sneon: “De Franse minister Guillaume stond dus in een goede traditie, toen hij deze week zei dat alcoholisme niet kan worden veroorzaakt door wijn, alleen door bier en mixdrankjes, in een onnavolgbare mengeling van ontkenning en handelsbevordering.”

Wat hat de minister no echt sein?

As Guillaume sein hat dat alkoholisme net feroarsake wurde kin troch wyn, dan soe er yndied wat sein hawwe dat ûnwier is. Allinnich, hat Guillaume dat wier sein?

Minister Guillaume (lofts) yn petear mei Jean-Jacques Bourdin

Aldergeloks stiet it fraachpetear mei Guillaume op ynternet. It is hjir te finen. It stik oer wyn begjint op 19:45 minuten. Wat Guillaume dêr seit, is it folgjende:

“L’addiction à l’alcool est dramatique, et notamment dans la jeunesse, et le binge drinking etcetera. Mais je n’ai jamais vu, à ma connaissance, malheureusement peut-être, un jeune qui sort de boîte de nuit et qui est saoul parce qu’il a bu du Côtes-du-Rhône, du Crozes-Hermitage, du Bordeaux, jamais. Ils boivent d’autres. Il boivent des mélanges, il boivent des rhumes, des mixtes, des malibus, ils boivent de l’alcool fort.”
(De ferslaving oan alkohol is dramatysk en foaral by de jongerein en it swiere sûpen ensafuorthinne. Mar ik ha noch nea, foar safier’t ik wit, en miskien is dat spitich, jongelju sjoen dy’t út ‘e disko komme en smoar binne om’t se côtes-du-rhône, crozes-hermitage of bordeaux dronken hawwe. Noch nea. Hja drinke oare dingen. Hja drinke miksdrankjes, hja drinke rum, hja drinke mikskes, malibu, hja drinke sterke drank.)

Wat Guillaume hjirre seit is net dat wyn net liede kin ta alkoholferslaving, mar dat de jeugd him by it útgean net manmachtich in stik yn ‘e kraach sûpt mei wyn. Neffens him moat de jeugd leare om oars mei drank om te gean. Hy seit:

“Il faut éduquer à boire un verre de vin.”
(Men moat it drinken fan in glês wyn yn ‘e opfieding opnimme.)

De minister seit dêrmei dat it nedich is om jongelju in ferantwurde omgong mei drank te learen. Hy seit derby dat it drinken fan wyn in wichtich diel fan ‘e Frânske kultuer is, dat it wichtich is foar de ekonomy en dat it Frânske ytpatroan “formidable” (poerbêst) is. De minister seit dêrnei dat it nedich is om alle foarmen fan ferslaving te bestriden.

“Ferslaving oan wyn of oan drank”

Minister Guillaume slút ôf mei:

“Je le redis: attention aux addictions! Il y a pas que l’alcool, mais les addictions, que ce soit au vin ou à l’alcool, c’est dangereux pour la santé de tous les Français.”
(Ik sis it jitris: wês wach foar ferslaving! It giet net allinne om drank, mar ferslavings, oft it no oan wyn is of oan drank, dy binne gefaarlik foar de sûnens fan alle Frânsen.)

De minister seit dêr letterlik dat ferslaving oan wyn wis wol mooglik is. Dat is presys it tsjinoerstelde fan it “dat alkoholisme niet kan worden veroorzaakt door wijn”, dat Peter Giesen yn de Volkskrant oan him taskriuwt. Wat de minister ynstee dêrfan docht is pleitsjen tsjin it ferketterjen fan wyn en foar it opfieden fan jongelju ta in ferantwurde omgong mei wyn.

 

jannewaris 19, 2019 16:45
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Eric jannewaris 24, 10:20

    Kwaliteitskranten binne al lang gjin kwaliteit mear. Leechachte ynternetmedia doare faak de wierheid wol wer te jaan.

  2. mbc84 jannewaris 24, 14:40

    Gjin hier op myn holle om in abonnemint te nimmen op in nepnijskrante lykas ‘de Volkskrant’. Boppensteande fyn ik net in goed foarbyld eins, mar hawar. De Ljouwerter is ek sa’n krante, skande dat dy noch op sa’n soad Fryske keukentafels leit.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.