Nederlân kriget in Fryske “dichter des vaderlands”

jannewaris 18, 2019 01:24

Nije wike rint Ester Naomi Perquin har oanstelling as dichter des vaderlands ôf. Hja wurdt opfolge troch in Fries. As heitelânsdichter moat dy by wichtige saken dy’t yn it nijs komme in gedicht skriuwe. Sa kin er in binende funksje hawwe foar alle minsken yn Nederlân.

De nije heitelânsdichter is yn ‘e Fryske en yn de Nederlânske literêre wrâld gjin ûnbekende. De út Rinsumageast ôfkomstige Tsead Bruinja dichtet yn it Nederlânsk en yn it Frysk. By de Afûk ferskynde fan him yn 2013 de twatalige bondel Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers en yn 2018 Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok. Bruinja hat oankundige dat er him as heitelânsdichter benammen ynspirearje litte wol troch ynklusiviteit.

Tsead Bruinja (foto: Wikipedia/Goesseln – lisinsje CC BY-SA 3.0)

jannewaris 18, 2019 01:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.