Miljeuwinst te beheljen mei bio-lânbou

jannewaris 22, 2019 10:01

Biologyske lânbou leveret twa persint mear wurkgelegenheid op as de tradisjonele lânbou. Dat is ien fan de konklúzjes út it rapport Bio-kânsen yn Noard Nederlân. De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte joegen ûndersyksburo Avalon de opdracht om te ferkennen wat de kosten binne foar in brede omskeakeling nei biologyske lânbou.

In oare konklúzje is dat de biologyske lânbou oer it algemien in skjinner miljeu kreëarret. Fierder leveret it fergrutsjen fan it areaal bio-lânbou in posityf miljeueffekt op.

Yn it rapport stiet wat de eksakte kosten binne fan de hjoeddeistige lânbou (referinsjejier 2015). Dit is mei ynbegryp fan de ekonomyske en ekologyske kosten en opbringsten. Dy resultaten wurde ôfset tsjin ferskate senario’s foar it oerskeakeljen nei biologyske lânbou. De senario’s fariearje fan folsleine oerskeakeling nei bio-lânbou oant in omskeakeling fan 50% en 20%.

Oanknopingspunten
De trije Noardlike lânboudeputearren Johannes Kramer (Fr), Henk Staghouwer (Gr) en Henk Jumelet (Dr) sjogge yn it rapport goede oanknopingspunten foar de noardlike lânbouoanpak. It jout harren betrouwen om troch te gean mei de biologyske lânbou. Foar de oare lânboufoarmen jildt dat ek.

Der is noch wol neier ûndersyk nedich foardat de provinsjes der folsleine konklúzjes oan ferbine kinne. Yn it ûndersyk is bygelyks net meinommen wat de bydrage is oan bioferskaat, gebrûk fan antibioatika en de kwaliteit fan iten. Dêr wiene te min gegevens foar beskikber.

jannewaris 22, 2019 10:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.