Meartaligens begraaft Frysktalige kultuer

jannewaris 11, 2019 13:51

Warskôgingen dat it Frysk ferpiterje sil yn in toeristyske evenmintekultuer slagge de spiker op ’e kop. Mar de beheinde opfetting fan meartaligens as inkeld mar yndividuele rykdom helpt de Frysktalige kultuer noch fierder de bedelte yn.

Troch Abe de Vries

Abe de Vries (foto: Tresoar)

It wie in opfallende lêzing dy’t Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en kultuer oan ’e Ryksuniversiteit Grins, okkerdeis yn Ljouwert joech oer ‘de takomst fan de Fryske kultuer nei 2018’ (Friesch Dagblad, 22 desimber 2018). Fryske kultuer, sei Jensma, hat foar him syn wearde ‘yn it lokale’, ‘yn dat wat troch elkenien oanrekke wurde kin’, ‘yn dat wat op fytsôfstân leit’. Fryske skriuwers, dichters en lêzers sille dêr lykwols, sa útslutend steld, net gau yn meigean kinne – ommers, watfoar skriuwer wol yn ’e boeken komme as de kronikeur fan ’t lokale fytsehok?

Mar lit ús foar even dat tinken beethâlde. Wêr komt it wei? It siedsje is de ponearre tsjinstelling tusken twa nochal ûnlyksoartige saken: it ‘fryskeigene’ (foaral de Fryske taal) en ‘maatskiplike ynklusiviteit’. It plantsje dat dêr yn Jensma syn lêzing út opwaakst is it boadskip oan in nije generaasje bestjoerders, nammentlik dat dy twa saken kombinearre wurde kinne. It is simpel in kwestje fan arbeidsferdieling. De grutte wrâld is foar de meartalige spiler en makker yn de ‘experience economy’, de lokale wrâld is foar omke Gurbe dy’t noch wat pleatslik knauwen bewarre hat op oanstean fan pake Gerke.

Dat hat fansels wat útlis noadich. Eartiids leauden wy yn ‘etnysk essinsjalisme’, neffens Jensma, tsjintwurdich ha wy it ‘súksesfolle meartaligensbelied’. Eartiids hienen wy in Frysktalige ‘statyske plattelânsmaatskippij’ mei fêststeande selsbylden, tsjintwurdich is kultuer, yn ús neoliberale eagen, in floeiend ‘frijemerkprodukt’ foar de sûnt 2000 folslein meartalich wurden konsumint. Yn Jensma syn sosjologyske beneiering kin it ek dreech oars: de agraryske sektor kromp fan ’e fyftiger jierren ôf, de globalisearring kaam, de digitalisearring die sines – en doe besleat de polityk mar om it seil nei de wyn te setten. Meartaligens waard ‘it yndividuele kapitaal fan elke Fries’. Foaral om’t it ienfâldich te ferkeapjen foardielen hie foar it yndividu: ‘je wurde der toleranter fan’ (ek al is der nul bewiis dat mindertaligens minder aardige minsken makket).

No wol it gefal dat te uzes neist yndividuele ek sokssawat bestiet as sosjale meartaligens. Want net inkeld it yndividu is meartalich, de Fryske maatskippij is dat ek. En lit dy sosjale meartaligens, fêstlein yn tûzenen sichtbere en ûnsichtbere regels en gewoanten, no krekt in tema wêze dat yn Fryslân eins noait oan ’e oarder komt. ‘Meartaligens’ sa’t it hjir brûkt wurdt, is in yn feite neoliberaal begryp dat talige machtsferhâldingen oerslacht en de besteande diglossy (koartwei: taalrassisme) inkeld mar fierder normalisearret en ynstitúsjonalisearret.

Diglossy yn Fryslân toant him yn ’e folsleine oerhearsking fan it Nederlânsk yn politike, bestjoerlike, ekonomyske en kulturele sirkwys oan ’e iene, en yn reduksje fan it Frysk nei it fytsehok oan ’e oare kant. De fisy op Frysktalige kultuer dy’t Jensma yn syn lêzing liket foar te stean is net fan hjoed of juster: it is it ieuwenâlde lietsje wer opnij. De Nederlânske steat marzjinalisearret it Frysk ommers al sûnt de stichting fan it keninkryk yn 1815. Dat proses is yndie yn in streamfersnelling kaam mei de opkomst fan it neoliberalisme yn de tachtiger en njoggentiger jierren fan ’e foarige ieu, net troch ien of oare natuerwet mar mei as risseltaat fan bewuste politike besluten (en besluten om neat te besluten).

Men hoecht inkeld mar nei it ûnderwiis te sjen. Nei it súkses fan 1980, doe’t it Frysk einlings, nei in striid fan sa’n tachtich jier, in ferplicht fak waard yn it basisûnderwiis, is dat nije fak al gau yn it ferjitboek rekke. Leardoelen blieken neat om ’e hakken te hawwen, lesmetoades wie net mei te wurkjen, kwalifisearre personeel bliek net noadich te wêzen, de ynspeksje bliek neat kontrolearje te kinnen, de skoalkoepels blieken der gjin nocht oan te hawwen, en gean sa mar fierder. It iene nei it oare kolleezje fan Deputearre Steaten stie derby te sjen. Oare foarbylden binne, ûnder mear, de opheffing fan it wykblêd Frysk en Frij, de ôfskaffing fan it literêre tydskrift Trotwaer, de opheffing fan ’e Sutelaksje, de ûndergong fan alle universitêre stúdzjes Frysk yn Nederlân en it opheffen fan Frysk-literêr ûndersyk oan ’e Fryske Akademy. De lêste tritich jier is de Fryske kultuer, letterlik, ûntholle mei it samûrai-swurd fan ‘meartaligens’.

Men kin soks muoilik oars sjen as de útkomst fan belied. Dat blykt ek as nei de reaksjes fan ’e kenniselite sjoen wurdt. In stúdzje Minorities & Multilingualism sa’t dy no yn Grins bestiet, mei inkeld noch in byfakje Frysk, hat follesizzend gjin ôfdieling Taalferneatiging en -ferpressing. Men toant leaver spekulatyf oan dat meartalige bern hiel gelokkige minsken wurde sille, as dat men de algeduerige belegering fan ’e minderheidstaal bestudearret en oan de kaak stelt. It sil de fierhinne Nederlânsktalige Provinsjale Steaten fan Fryslân, it fierhinne Nederlânsktalige bedriuwslibben en de fierhinne Nederlânsktalige ‘kultuermakkers’ net it measte skele kinne. Jild hat in wearzge fan taalgrinzen.

Mar Fryske skriuwers en dichters hawwe in oare posysje en fiele in oare ferantwurdlikens. Hawwe dy skriuwers in oare kar as dy tusken ‘etnysk essinsjalisme’ en it fytsehok? Fansels wol, mar dan sille sy nei oare ferhalen op syk moatte. En dy oan ús fertelle.

Bygelyks it ferhaal dat Friezen net krekt sûnt it jier 2000 mar al op syn minst sûnt 1498 ‘meartalich’ binne. Of, foarút, sûnt 1806, doe’t it Nederlânske leger ûnderwiis better op poaten kaam te stean. Bygelyks it ferhaal dat goed ûnderwiis yn jins memmetaal in minskerjocht is en dat steaten lykas Nederlân dy’t dêr neat of fierstente min oan dogge, harren minderheidstalige sprekkers diskriminearje en kognityf op achterstân sette. Sa’t de Ried fan Europa ek altyd wer konstatearje moat. Bygelyks it ferhaal dat de histoaryske striid foar it Frysk neat te krijen hie mei sosjale útsluting fan oarstaligen mar in striid wie foar emansipaasje en lykberjochtiging. En bygelyks it ferhaal dat krekt Fryslân mei syn prachtige taal foarop rinne kinne soe yn it behâld en de befrijing fan minderheidstalen út ’e ferpressing wei.

Dat lêste is, foar alle dúdlikheid, nét it ferhaal dat Lân fan Taal fertelt, mei syn fieren fan taaldiversiteit sûnder dêr politike konsekwinsjes oan te ferbinen. Wat inkeld mar in folkloristysk resept opsmyt foar, úteinlik, kulturele assimilaasje. Utstellen om it Frysk as folweardige kultuertaal no mar te begraven, en inkeld noch wat lokale leafhawwerij yn dy taal oerein te hâlden, sadat de ‘millennials’ harsels wiismeitsje kinne dat der bûten de globaal-sosjale media en it ôfdakje fan de eigen patio noch in ‘echt’ libben bestiet, soenen Douwe Kalma út syn grêf oerein komme litte, as er der weet fan hawwe soe. No haw ik neat mei Kalma’s heechdravende dichtsjen en syn delsjen op folkskultuer, mar it omkearde, it ferwizen fan it Frysk nei in aldendeisk reservaatsje fan fertroudens, moat ik ek net oan tinke.

In taal is net inkeld in wize fan yn ’e wrâld te stean – yn taal foarmet men syn wrâld, taal ís jins wrâld, globalisearring of net. Yn dat ramt liket de konneksje dy’t ek Jensma no wer lûd en dúdlik lein hat tusken it Frysk en sosjale ‘slettenens’ mear as inkeld in refleks om de ‘iepen mienskip’ fan LF2018 noch efkes te sanksjonearjen. Oaren sille it brûke om Frysktalige kultuer fierder koart te knippen, ta foardiel fan beheinde meartalichheidsopfettingen of ta gerêststelling fan de provinsjale taalsanearders en tolgarders. Frysktaligen kinne it lykwols net helpe dat oarstaligen har net ferstean en net lêze kinne en wolle. Likegoed skynt krekt dat har misdied te wêzen. En de rûnom praktisearre, ferstikkende diglossy te uzes hat as risseltaat dat net te min Frysktaligen sels ek noch leauwe dat se yndie yn it taalgefang thúshearre (of yn it fytsehok, of ûnder de rokken fan MeM).

De takomst fan de Fryske kultuer leit yn better Frysk ûnderwiis, yn striid foar minskerjochten, yn Fryske funksje-easken foar oerheidsbanen. Yn provinsjale en steatsstipe, net inkeld foar eveneminten, festivals, feestjes en allerhanne oare idel- en tafallichheden, mar foar in kulturele ynfrastruktuer dy’t bliuwt en derta docht. En dy takomst leit ek yn it – byneed bytsje by bytsje – taheakjen fan programma’s oan Jensma syn Grinzer stúdzjerjochting. Op sa’n wize dat de Fryske taal en kultuer net inkeld wer folweardich bestudearre wurde, mar dat ek harren maatskiplike deprivaasje serieus omtinken krijt.

It neoliberale tiidrek hat west. It wurdt tiid dat de polityk him dat realisearret. It wurdt tiid om Frysktaligen rjocht te dwaan.

Dit artikel stiet yn it Friesch Dagblad fan 10 jannewaris 2019.
Abe de Vries is einredakteur fan it Friesch Dagblad en redakteur fan it literêre tydskrift Fers2 (www.fers2.eu)

 

jannewaris 11, 2019 13:51
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Eric jannewaris 12, 05:07

    Sûnder mear selsbestjoer sil der ek neat mear foar it Frysk dien wurde. Gjin inkelde lanlike partij sil wier wat foar it Frysk dwaan.

  2. Eddy Drost jannewaris 12, 13:14

    Eric,

    Wêr dat fingerke nei de lanlike partijen….
    Kinne jo dat even útlizze?
    Wat hat de FNP foarelkander krigen? Sitte dy ek net oan it helmhout?

  3. Rob jannewaris 12, 15:51

    It moat net allinich út’e polityk komme. Yn hoefolle winkels sjochst Fryske teksten? It is op de fingers fan ien hân te tellen. Ik soe allinich de Afûkwinkel en in lyts wolwinkeltsje yn Dokkum witte. Sels de bistetún by Ljouwert jout njonken de Fryske nammen fan’e bisten allinnich ynformaasje yn’t Nederlânsk. Arriva ropt de Frysktalige nammen fan’e stasjons wol om mar op’e buorden sjochst’ Nederlânsk, gjin Frysk.

  4. Cor Jousma jannewaris 13, 16:52

    Ik hie it stik al yn it Deiblêd lêzen, mar hjir kin ik efkes reagearje. Poerbêst Abe!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.