Limburch wol ôfpraken mei Ryk oer Limburchsk

jannewaris 28, 2019 11:14

It bestjoer fan de provinsje Limburch wol mei it Ryk ferlykbere ôfspraken meitsje as de ferskate regionale oerheden earder dien hawwe oer it Nedersaksysk. Dat hat de Limburger deputearre Ger Koopmans buorkundich makke.

It Limburchsk is krekt as it Frysk, Nedersaksysk, Jiddysk en Romany troch it Ryk erkend as minderheids- of streektaal. Foar it Frysk hat it Ryk lykwols spesifike ferplichtings om him nommen. Dy steane yn it saneamde diel trije fan it Europeesk Hânfest foar regionale talen en talen fan minderheden. Foar de oare talen is sa’n regeling der net.

Foar it Nedersaksysk hawwe it Ryk en de provinsjes dêr’t Nedersaksyk praat wurdt, ferline jier wol in pear brede ôfspraken makke. De provinsje Limburch wol soks foar de eigen streektaal ek dwaan. It Limburchsk stie altyd tige sterk yn Limburch, mar âlden jouwe de taal faak net mear oan ’e jeugd troch. It provinsjebestjoer hopet dat  ôfspraken mei it Ryk dy ûntjouwing keare kinne.

Deputearre Koopmans skriuwt dat benammen it ûnderwiis wat him oanbelanget wichtich is. Hy wol dat it Limburchsk in grutter plak op skoalle kriget. Dit jier begjint in eksperimint mei pjutteboartersplakken dêr’t it Limburchsk de fiertaal is.

Fierders wol de provinsje Limburch mei it Ryk ôfspraken meitsje oer it oprjochtsjen fan in Limburger Taaluny. Dy soe nei it foarbyld fan de Nederlandse Taalunie in taalbelied fiere moatte foar sawol Nederlânsk as Belgysk Limburch.

jannewaris 28, 2019 11:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.