Leden Sis Tsiis prate oer aksje tsjin de Afûk

jannewaris 19, 2019 22:52

De Afûk is by in protte minsken bekend as de organisaasje dy’t opkomt foar de Fryske taal. De organisaasje yn it skaad fan ‘e Aldehou yn Ljouwert organisearret kursussen Frysk, hat in Fryske boekhannel en docht noch folle mear om de Fryske taal te stypjen, lykas mei de kampanje Praat mar Frysk.

Dat is lykwols net genôch, is it betinken fan guon noch fûlere Fryske bewegers op ‘e Facebookgroep Fryslân en de Fryske taal (link). Nei oanlieding fan in typflater yn de lokwinsk fan de Afûk oan de nije heitelânsdichter Tsead Bruinja oppenearren harren ferskate minsken dy’t fan betinken wiene dat de Afûk al jierren mei de mûtse nei it Frysk smyt. Der wurdt sels foarsteld om mei de aksjegroep BAST, better bekend as Sis Tsiis, aksje te fieren by de Afûk.

Sis Tsiis waard yn 2016 oprjochte as aksjegroep foar better ûnderwiis yn de Fryske taal. De groep hammere derop dat alle bern rjocht hawwe op goed ûnderwiis yn harren memmetaal en Frysktalige bern dus ek. Yn de groep ûntstie lykwols strideraasje en twa fan ‘e oprjochters stapten in pear wike lyn demonstratyf út de groep (link).

In part fan ‘e diskusje yn ‘e Facebookgroep:

 

Dit is de lokwinsk dêr’t op reagearre waard, yn it wurd ‘lokwinskje’ is de letter k fergetten:

jannewaris 19, 2019 22:52
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Abe jannewaris 20, 14:29

    Dizze minsken kweekje mei har ûnnoazele en folslein triviale ,,aksjes” inkeld mar antypaty tsjin de saak fan it Frysk ûnderwiis. En ItNijs kin better mar gau ophâlde om dy lju ,,SisTsiis” te neamen: tefolle eare.

  2. M. Waarstra jannewaris 20, 23:49

    Do hast gelyk, Abe, en ik freegje my hieltyd wer ôf, wêrom’t Fries tsjin Fries striidt en net mei-inoar tsjin bedrigingen fan bûten.

  3. Cor Jousma jannewaris 21, 11:19

    Dit artikel fan It Nijs lijkt op vliegen!

    Willem Riemersma: “Dan moatte wy der mei BAST op ‘e nij nei ta, net foar boeken, mar mei in boadskip: foar better Frysk!”

    Willem Riemersma: “Sytze T. Hiemstra Het lijkt op vliegen!”

    No binne Facebook ensfh. benammen rioel foar it koarjen fan oprispingen. Mar as sjoernalisten de grappen fan Riemersma net ûnderskiede fan dat rioel wurdt it artikel al gau rioelsjoernalistyk …

  4. RobMokum jannewaris 21, 12:05

    Lês earst ris dat berjocht oer it Welske ûnderwiis en dan nochris dit berjocht. Yn Wales is 1/6 Welsktalich, yn Fryslân 55% Frysktalich. Mar bliuw mei rotte fisk (en faaks ek soms in menhir) nei inoar smite….. Dêr komst fierder mei.

  5. Kerst Huisman jannewaris 21, 22:43

    Ik fyn dat hjir in te negatyf lûd oer Faceboek te hearren falt. Ik haw dêr goede ûnderfiningen mei. Jo kinne út de meast ûnferwachte hoeken opiens nijsgjirrige ynformaasje krije, mei allegearre mooglikheden om op nijsgjirrige blogs te kommen, yn Nederlân, mar ek yn Dùtsklân, Ingelân en de Feriene Steaten, ja sels yn Yndia. Dat komt ek troch myn belangstelling foar mei de Fryske sitewaasje ferlykbere tastannen, mar ek it grutte ferhaal fan oarloch, frede en bewapening. Mar ik haw ek yngeand stúdzje makke fan de sitewaasje yn Wales. Dêrom kin ik dochs wol sizze dat it byld dat RobMokum hjirboppe jout net hielendal neffens de werklikheid is. Hy skriuwt: Yn Wales is 1/6 Welsktalich, yn Fryslân 55% Frysktalich. Mar dat is net wier. Dat komt troch in ferskil yn persepsjes fan de Welshe beweging. It Welsh is yn Wales in minderheidstaal. Mar dat komt omdat se yn Wales fêstholden hawwe oan it âlde idee fan Wales as naasje. Dêrtroch sjogge hja Wales as dat hiele gebiet dat oan de ein fan de midsiuwen noch Welshtalich wie. Dat is sûnt lang net mear sa. Der binne yn Wales hiele kriten dy´t al sûnt de lette midsiuwen net mear Welshtalich binne. Mar de Welshe beweging sjocht dy gebieten noch altiten as Welsh. Yn ús sitewaasje soe soks betsjutte kinne dat wy ek Grinslân en East-Fryslân en ek noch Noard-Hollân ta it Fryske gebiet rekkenje. Mar dat dogge wy net. Dêrtroch liket de sitewaasje fan it Frysk florisanter as dy yn Wales. Mar dat is perfoarst net sa. Dat se yn Wales fêsthâlde oan it idee fan Wales as naasje, kin benearjend wêze. Mar ik haw lju fan de Plaid Cymru kennen leard en hja fertsjintwurdigje in foarm fan ynklusyf tinkend nasjonalisme. En soks soenen wy ek better ûntwikkelje kinne.

  6. RobMokum jannewaris 22, 07:25

    @Kerst Huisman: it iennichste wêr’t ik it oer hie wie it gebied dat ta de autonome regio Wales heart. Dat is ien regio. Yn it súden van de Spaanske autonome regio Baskenlân wurdt ek hast gjin Baskysk sprutsen. Is it dan noch wol Baskysk? Ik hâld it dochs op ja. En boppedat, yn Wales jildt ek foar skoallen yn Ingelsktalich gebied dat der Welsk leart wurde moat. In Ingelsktalige him ek Welsk fiele. Fansels binne sawol Wales as Baskenlân autonoam en dertroch is it ûnderwiis yn de lokale taal makliker te reälisearjen. Mei in status aparte soe dat foar Fryslân ek sa wêze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.