“Learlingen te maklik frijsteld fan Ierske les”

jannewaris 8, 2019 23:25

It Iersk is de nasjonale taal fan Ierlân, ek al hat mar in lytse minderheid dy taal mear as memmetaal. Dochs leart elkenien him op skoalle. Dat is alteast it doel. Yn útsûnderlike gefallen kin in skoalle in learling derfan frijstelle.

Utsûnderlike gefallen? Sa útsûnderlik binne dy net mear. Ien op ‘e tsien learlingen yn it fuortset ûnderwiis hat yn 2016 in frijstelling krige, sa docht bliken. Yn de ûnderbou krige sels ien op ‘e acht learlingen frijstelling fan ‘e Ierske les. Dat is al útsûnderlik, omdat Ingelsktalige studinten dy’t op in Ingelsktalige skoalle sitte de eineksamenfragen fan it fak Iersk yn it Ingelsk beantwurdzje meie.

Donal O’hAineféin is direktuer fan de Iersktalige skoalle Gaelscoil Mhíchíl Chíosog yn Ennis. Hy leaut der neat fan dat al dy learlingen foldogge oan de easken foar frijstelling. Formeel kin in frijstelling jûn wurde as in learling nei syn alfde jier út in oar lân yn Ierlân komt te wenjen, as er slimme learswierrichheden, dysleksy of in leech iq hat, of as er hurd meitsje kin dat er nei skoalle yn it bûtenlân studearje sil. Neffens O’hAineféin komt op syn heechsten ien persint fan ‘e Ierske learlingen yn ‘e beneaming. Hy tinkt dat skoallen it learlingen maklik meitsje om ûnder de lessen Iersk út te kommen. Dat nimt er harren kwea ôf. Hy pleite der tiisdei op ‘e radio fan Clare FM foar om it frijstellingesysteem ôf te skaffen.

jannewaris 8, 2019 23:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.