Kwartettekoar: nije bondel en ôfskiedstoernee

jannewaris 13, 2019 08:56

Hindrik van der Meer, skoalmusikus, komponist, dirigint en Fries yn ieren en sinen, is ferline jier tachtich jier wurden. Hy achtet de tiid kommen om it wat rêstiger oan te dwaan. Tolve jier lyn rjochte er it Kwartettekoar op. De opset wie dat dat koar safolle mooglik út kwartetten fan in sopraan, alt, tenoar en bas út hiele Fryslân wei bestean soe. Dy kwartetten soene yn harren eigen stêd, doarp, krite of fermidden útdrage moatte wat se yn it grutte koarferbân leard hiene. Dat koar moast in ‘briedplak foar eigentiidske liturgy’ wurde, sei Van der Meer doe’t er yn 2006 in oprop die om lid te wurden.

It in inisjatyf sloech daliks oan en sûnt dy tiid wie it koar, mei leden rûnom wei, net mear fuort te tinken út ’e Fryske tsjerken. Yn septimber 2018 is it Kwartettekoar oan syn ôfskiedstoernee begûn. Mar leafst 42 tsjerken reizget it bylâns.

Op 27 jannewaris 2019 wurdt yn de Annatsjerke fan Winsum de lietebondel Hertslach presintearre, ‘lieten om it út te sjongen’, sa’t de ûndertitel seit. Dêr sit de jubel fan it libben yn, mar ek de oantrún om it fol te hâlden. It Kwartettekoar hat de opdrachtjouwer foar de bondel west. Yn earste oanlis soe de ynhâld beheind bliuwe ta wurk fan Van der Meer, mar útjouwerij Intrada fan It Hearrenfean seach in moaie gelegenheid om tagelyk ek oare lieten oer it fuotljocht te bringen. In fjouwerkoppige redaksje, besteande út Eppie Dam, Jan de Jong, Margryt Poortstra en Gerben van der Veen, bûgde him oer de seleksje út tritich jier geastlik repertoire. It resultaat is in lieteboek fan 272 siden, mei 170 lieten dêr’t Fryske sjongers fan alle leeftiden jierren mei foarút kinne. De presintaasje yn Winsum is ornearre foar minsken dy’t dêrfoar útnûge binne.

Op 3 febrewaris sjongt it koar foar de earste kear út Hertslach yn de Oerdracht op ‘e Jouwer. De toernee rint oan maart 2020 ta, dus noch 30 kear yn likefolle tsjerken rûnom yn ’e provinsje. It seit himsels dat elkenien dêrhinne kin. De komplete útfieringslist (dy’t begjin by hjoed, 13 jannewaris) is te finen op http://itkwartettekoar.nl/utfierings/.

De bondel kostet 20 euro en is no al te bestellen! Besteladres: tjorna47@gmail.com

jannewaris 13, 2019 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.