KNMI spilet klimaatskeptisy yn de kaart

jannewaris 5, 2019 13:45

‘De kâns op in drûge simmer lykas dy fan 2018 is oant no ta net feroare troch it fuortsterke broeikaseffekt’. Dat konkludearret it KNMI yn syn (foarriedich) jieroersjoch en dy konklúzje is wakker oanhelle troch tal fan media. Fierder sûnder al te folle taljochting en soks fyn ik net handich yn tiden dat der in ôfgryslike ynspanning levere wurde moat om katastrofale klimaatferoaring foar te kommen. It KNMI sil syn wittenskiplike ûnôfhinklikens mei sok sizzen wol etalearje wolle en media krantsje it boadskip kritykleas troch. Mar soks spilet klimaatferoaringsleageners (in korrekter oantsjutting as klimaatskeptisy) yn de kaart. Ik sjoch populistysk Twadde Kearmerlid Thierry Baudet syn sabeare fernuvering al wer foar my; allegearre toanielspul, want de man hat tagong ta alle feiten en is tûk genôch om bliksems goed te witten wat der spilet.

It KNMI soe tefoarren komme moatte dat no just dy konklúzje, mei de suggestje dat it faaks wol wat tafalt mei de klimaatferoaring, safolle omtinken kriget. Want it tilde it hiele jier troch wer op fan krêftige sinjalen dat de klimaatferoaring oanboazet (sjoch in rychje gegevens fan it KNMI):

  • Earst krigen we de fiifde sloppe winter yn in rige mei amper mooglikheid foar reedriden en bygelyks op 24 jannewaris in temperatuer fan omtrint 15 °C, de heechst mooglike yn dy tiid fan it jier.
  • Dêrnei hienen we de waarmste maaiemoanne yn trije iuwen, mei in trochsneed temperatuer fan 16,4 °C.
  • Doe kaam de waarmste simmer sûnt 1901 mei yn it easten en súdeasten fan it lân de langste regionale hjitteweach ea en op 26 july yn Arcen 38,2°C op de termometer, mar 0,4°C ûnder de heechst metten temperatuer ea yn Nederlân.
  • Folge fan de hjerst mei de measte sinne sûnt it begjin fan de waarnimmings yn 1901.
  • Resultearjend yn sawol it heechtste tal waarme (mei temperatueren boppe 20 °C) as simmerske (mei temperatueren boppe 25 °C) dagen yn De Bilt sûnt 1901.
  • Utrinnend op omtrint it waarmste jier sûnt it begjin fan de mjittings, allinnich 2014 wie waarmer en dat is fansels noch mar in pear jier lyn.

Drûchte hat te krijen mei sawol delslach as ferdamping. De drûchte fan 2018 waard net allinnich bewurkmastere fan it bytsje reinwetter dat der fallen is, lanlik yn trochsneed mar 607 milimeter foar normaal 847 oer, mar allikefolle fan it wetter dat de loft wer yn gie troch de waarmte dy’t it sinneskynwaar feroarsake: mei 2085 oeren sinne wie it by einbeslút, op 2013 nei (ek al noch wer mar in pear jier lyn), it sinnichste jier sûnt 1901.

Drûchte yn 2018 (foto It Nijs)

Apart, net, dat sa’n ûntjouwing dy’t alhiel neffens de foarsizzings fan de klimaatferoaring ferrint, dan neat mei de drûchte te krijen ha soe? Mar nee, dat seit it KNMI ek hielendal net.

Trochdat it klimaat opwaarmet, wurdt de ferdamping grutter. Mar waarme lucht kin ek mear wetter hâlde en sadwaande kin it likegoed mear reine. Fangefolgen wurdt it yn it noarden fan Europa wieter en yn it suden drûger. Te uzes nimme sawol de delslach as de ferdamping yn de simmer ta, mar dy kompensearje inoar oant no ta yn de rin fan it jier. It resultaat is dat der noch gjin dúdlike trend yn de rjochting fan mear lang oanhâldende drûchte konstatearre wurde kin. Mar it wurdt dus wiswier wol drûger. En wieter. As dy drûgere en wietere riten inoar – lykas oant no ta dus meastentiids – rillegau ôfwikselje, feroaret der in hiele soad, mar bliuwe de einsifers tafallich in bytsje itselde. En dêr hat it KNMI it dan oer.

Fansels is der ek net safolle te rêden as drûge en wiete riten inoar mar fluch genôch opfolgje. Mar as ien fan beide ekstreme waarsituaasjes ris wat langer oanhâldt – en dy kâns wurdt troch de klimaatferoaring allyksa grutter – komme der swierrichheden, lykas we dit jier seagen. Wy en benammen ús boeren kinne dêrom mar better tidigje op sawol lange riten mei drûchte as oanhâldend wiet waar. Dat is in wichtiger konklúzje om omtinken foar te freegjen en in reden ris troch te pakken mei maatregels om noch folle slimmer foar te kommen. Yn stee fan, lykas we op it heden dogge, hingjen te bliuwen yn it redendielen oer de ferdieling fan de kosten.

Nanne Hoekstra

Lês der mear oer yn it klimaatdossier fan It Nijs.

jannewaris 5, 2019 13:45
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Marco Waarstra jannewaris 5, 19:21

    Wer in klimaatleauwende dy’t tinkt dat klimaat itselde is as waar en net sjocht dat de klimaatkapitalisten inkeld mar in nij business model optocht hawwe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.