Kastielen en de gouden iuw yn de Museumjeugduniversiteit

jannewaris 27, 2019 10:18

Kommende maitiid stiet de Museumjeugduniversiteit yn it teken fan de 17e iuw. Yn in fjouwertal kolleezjes fertelle eksperts oer hoe’t it libben wie yn de Gouden Iuw, wêrom’t der altyd safolle iten skildere waard en oer de grutte mannichte kastielen yn Noard-Nederlân. De kolleezjes sette op 14 febrewaris útein en binne geskikt foar nijsgjirrige bern fan acht oant trettjin jier. Oanmelde kin fia de webside fan it Frysk Museum.

Foto: Ruben van Vliet

Wat witte wy eins fan it libben yn de 17e iuw? Hoe giene minsken mei-inoar om, wat diene bern en hoe gie it as je fereale wiene? Drs. Karin Straathof, keunsthistoarikus, nimt de bern yn dit kolleezje mei nei it deistich libben yn de tiid fan Rembrandt en Saskia. Yn de oare kolleezjes ûntdekke je wat rike minsken yn Fryslân ieten en hokker rol Frankryk en de ananas dêrby spilen. Konservator Diana Spiekhout fertelt oer de mear as 800 kastielen yn Noard- en East-Nederlân yn de midsiuwen. Je leare wa’t der wennen en wêrom’t we der no sa’n bytsje fan weromsjogge.

De kolleezjes binne op sneon 10 febrewaris, 10 maart, 7 april en 12 maaie fan 11.30 oant 12.30 oere. De lêzingen kostje € 20,- foar de hiele rige. Bern kinne har fia de webside fan it Frysk Museum oanmelde foar de hiele rige en ûntfange nei ôfrin in diploma.

Sjoch op www.friesmuseum.nl foar mear ynformaasje.

jannewaris 27, 2019 10:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.