Jan Willem Zwart: Wy binne it sels

jannewaris 12, 2019 20:00

Kollum

“Wy binne it sels”, wurdt der sein oan board fan de fearboat werom fan Skiermûntseach. Wy binne it sels! In grutte groep frijwilligers sit op ’e boat en rêst út. De measte minsken binne wurch en hawwe reade wangen fan de frisse bûtenlucht. De minsken binne op eigen inisjatyf frijwillich nei it eilân kommen om te helpen. Al in pear dagen spielt der allegearre guod oan út de konteners dy’t fan de boat MSC Zoé ôfgliden binne, begjin dit jier. Guon frijwilligers hawwe harren sûvenirke meinommen en hawwe dat ûnder de earm en pronkje dermei. “Jutten”, wurdt der sein. In krûkje, kessentsjes, skuon, pompkes en plestik, in hiel soad plestik. Der is op Skiermûntseach allinnich al goed 300 ton oan smoargens ynsammele. Wy binne it sels.

Wy binne it sels. It strân is in spegel fan hoe’t wy binne, hoe’t wy libje en hoe’t wy wêze wolle. Op it strân leit húsried, stuoltsjes, bûtenmeubeltsjes, autoûnderdielen, boartersguod en in hiel soad skuon. Alles is fan in soarte dêr’t wy allegearre fan sizze dat it goedkeap en rotsoai is. Dochs liket it dat elkenien soksoarte fan troep yn ’e hûs hawwe wol. It is allegearre guod dat wy ek fine kinne by ússels yn ’e kast! Wy binne it sels…

Mear en mear is te begripen dat it plestik dat op de eilannen en de Fryske kust lei, yndied in wjergalm jout fan wat wy as minskheid graach hawwe wolle. In protte guod foar hast gjin jild. Nei de stoarm giet it feest letterlik gewoan troch. Der spiele hiele kleaunen mei kleurige feestlampkes oan. Op guon plakken liket it wol feest. Dy feestlampkes binne ek goedkeap en fan minne kwaliteit.

It binne oeral boltsjes op de strannen en oan de Fryske kust. Wy binne it sels en miskien tsjinje dy boltsjes wol as symbool, as de braakbollen fan ús konsumpsjemienskip.
Ekologyske rampen as dy fan de earste dagen fan it nije jier roppe faaks mear fragen op as dat der antwurden binne. It is goed dat dy fragen der binne en dat minsken troch it sjen fan harrensels harren hâlden en dragen feroarje. Om sa ek de wrald te rêden fan soksoarte fan ekologyske rampen.

Jan Willem Zwart is wurdfierder fan de Feilichheidsregio en koördinator behear fan Natuermonuminten op Skiermûntseach.
jannewaris 12, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.