It útrikken fan de 17e Fryske radio-Reklamepriis

jannewaris 18, 2019 09:40

Tongersdei 17 jannewaris om âlve oere is de 17e Fryske radio-Reklamepriis (FRP) útrikt troch Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging oan GGD (Gemeentelijke Gezondheidsdienst) Fryslân.

Geart Benedictus (Ried fan de Fryske Beweging) rikt oarkonde en sjek út oan manager GGD Fryslân, Frans Haenen

Mei noch twa oare nominearren te witten: Christelijke Bibliotheek voor Blinden en Slechtzienden mei ‘Passend Lezen’ en erotykwinkel Euphoria fan It Hearrenfean mei it spotsje ‘Nije dingen ûntdekke yn de sliepkeamer?’, krige de radiokampanjespot ‘Stel de fraach fan dyn libben’ fan 113 Selsmoard Previnsje’ 57% fan alle publyksstimmen.

Manager GGD Fryslân Frans Haenen fan it projekttiim Supranet Fryslân krige út hannen fan Geart Benedictus (Ried fan de Fryske Beweging) it ferneamde Grutte Pier-byldsje, de oarkonde en in sjek mei in wearde fan € 250,-. Oanslutend binne ‘skeppers en skriuwers’ fan it winnende spotsje; ynsprekker en produsint Syb van der Ploeg, Geertje Spijkerman, Nico Outhuyse en Roely Boer yn it sintsje set. De FRP-kommisje makke de ferwizing nei in útspraak fan Nelson Mandela (1918-2013); ‘As jo mei in minske prate yn in taal dy’t hy ferstiet, giet it yn syn holle. As jo mei himsels prate yn syn eigen taal, giet it yn syn hert!’

Neffens de sjuery: In sljochtweihinne fraach; ‘Hé, alles goed?’, folge troch in pynlike stiltme. De harker nei de radio sil grif de earen opstekke en syn oandacht rjochtsje op wat fierder komt. Fuortzappe, dat docht men net by radioreklame. Dy ynkringende sfear konfrontearret. Persoanlike fragen stelle wurket wis by radioreklame. It set jin as harker oan it neitinken. It Frysk is hjir op in natuerlike wize brûkt. Dêrtroch sil de doelgroep it ûnderwerp goed begripe. De stimme fan de ynsprekker is fan feneamd Fryske sjonger en tagelyk produsint Syb van der Ploeg. De útdrukking fan it ynkringende boadskip, alhiel sûnder muzyk, past hielendal by it doel. Doar persoanlik fragen te stellen ek al folgje ûngemaklike stiltmes. Hooplik wurdt dêr in ‘nij’ taboe mei trochbrutsen. Mei reden wurdt net te folle ynformaasje jûn, mar wol ien hiel wichtich boadskip: doar ‘dy fraach fan dyn libben!’ te stellen.

De Fryske Reklamepriis is yn it libben brocht om it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen. De FRP is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging. Op 14 maart 1995 waard de earste FRP útrikt en dy wie doe allinnich noch foar radioreklame. Yn 1999 is de earste telefyzereklamepriis útrikt.

It orizjinele libbensgrutte byld fan Grutte Pier is makke troch Anne Woudwijk en stiet yn Kimswert. By de FRP stiet it byldsje foar it selsbewust brûken fan it Frysk yn de kommunikaasje. It is mei de FRP in kwestje fan oanhâlden as storein mei Frysktalige reklames yn Fryslân, foar in grutte oermacht oan Hollânsktalige spots oer. It byldsje hat dan ek de útstrieling fan swier, grut, sterk en ûnfersetlik.

Sjoch foar mear ynformaasje ek op www.fryskereklamepriis.frl.

jannewaris 18, 2019 09:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.