Ingelsktaligen besykje om Welskpraten te ferbieden

jannewaris 27, 2019 14:58

De Welske media joegen de ôfrûne fjirtjin dagen omtinken oan ferskillende gefallen fan taaldiskriminaasje. Yn beide gefallen besochten Ingelsktaligen om oaren it Welskpraten te ferbieden. Welske taalbewegingsorganisaasjes meitsje der wurk fan.

It Welsk en Ingelsk binne lykweardige offisjele talen yn Wales, mar it oanpart Welskpraters op ‘e Welske befolking is mar sa’n tweintich persint. De Welske oerheid besiket om de behearsking fan it Welsk te ferbetterjen. Fan 2022 ôf wurdt it Welsk op alle Welske skoallen de fiertaal by in part fan ‘e fakken en wurde deselde easken steld oan de behearsking fan it Welsk en it Ingelsk.

De praktyk is foar Welskpraters lykwols dreech, sels yn offisjele situaasjes yn har eigen Wales. In gemeente dy’t yn prinsipe altyd Welsk brûkt, waard yn 2015 troch de gemeentlike Ombudsman twongen ta twataligens, wylst gemeenten dy’t altyd Ingelsk brûke sûnder beswier de eask fan twataligens foar bestjoerders falle litte koe. Sjoch dizze link en dizze link.

Nia Lloyd út Wrecsam/Wrexham stjoerde koartlyn in e-mail nei har bank. Hja wennet yn Wales en de bank stie ek yn Wales, dus hja skreau yn it Welsk. Hja krige in Ingelsktalich antwurd, dêr’t yn stie dat de bank gjin fragen beantwurde ‘in Foriegn language’. Dat is ferkeard skreaun Ingelsk foar ‘in bûtenlânske taal’. In Welsktalige klant fan de bank Barclays krige in hiel oare reaksje op har Welsktalige fraach. De bankmeiwurker skreau werom dat er begriep dat it Ingelsk dreech wie foar bûtenlânske klanten en dat se it ‘tige betroubere’ Google Translate wol brûke koe om yn it Ingelsk mei de bank te kommunisearjen.

De baas fan de NSBC-meiwurker hat frou Lloyd wilens út namme fan de bank ekskuses oanbean. Neffens him is de bank dwaande om de klanteservice yn Wales twatalich te meitsjen en hat de meiwurker in flater makke. Barclay hat te witten dien dat der in Welsktalige telefoanyske klanteservice is.

Tamsin Davies fan taalbewegingsorganisaasje Cymdeithas yn Iaith seit dat banken te min yn it Welsk dogge. Hy wiist derop dat guon banken mei belestingjild oerein hâlden binne en ek ferplichtings hawwe foar de befolking oer. Hy seit: “Yn ús eagen hawwe de minsken yn Wales it rjocht om Welsktalich te libjen”.

In folslein oar gefal kaam ferline wike yn ‘e Welske kranten. It draaide om in petear op Facebook tusken twa Welske froulju. Hja sieten beide yn in Facebookgroep oer ôffallen. Ien fan ‘e twa hie in fraach steld. Har freondinne Elan Dafydd reagearre dêrop – fansels yn de taal dy’t de twa altyd ûnderling brûkten, it Welsk. De behearster fan ‘e groep sei dat de fiertaal fan de groep Ingelsk wie, al stie dat nearne. Frou Dafydd sette har reaksje oer en sei dat se dat bêst dwaan woe, mar dat de twa altyd Ingelsk praten. De behearster reagearre mei: “It moat net nedich wêze om yn de regels te setten dat minsken Ingelsk brûke moatte”. Frou Dafydd sei tsjin ‘e ynternetkrante Wales Online: “Ik sit yn in soad Facebookgroepen dêr’t minsken allegear talen prate, fan Oerdoe oant Frânsk of Spaansk. Ik ha nea fan oaren easke dat hja foar my op it Ingelsk oerskeakelje. Soms brûk ik Google Translate en soms freegje ik ien om wat oer te setten, mar ik ha nea immen ûnder druk set om him te ferbrekken.”

Frou Dafydd is nei de diskusje út de Facebookgroep set en dy hat no in húsregel opnommen dêr’t yn stiet dat de fiertaal Ingelsk wêze moat. It artikel oer de saak op Wales Online hat in soad anty-Welske reaksjes úthelle. Yn soms bryk Ingelsk skriuwe lêzers dat hja it Welsk foar ûnsinnich hâlde, dat it ferbean wurde moat en dat it ûnfetsoenlik is om oare talen as Ingelsk te brûken as oaren ek witte wolle wêr’t oer praat wurdt. Se binne hjir te lêzen.

jannewaris 27, 2019 14:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.