In frjemde taal prate moatte: Fryske wurden sûnder oersetting

jannewaris 16, 2019 21:46

Dielen fan it Nederlânske taalgebiet wurde Ingelsktalich. Nederlânsktaligen kinne harren memmetaal dêr net mear brûke. Se hawwe lykwols net de wurden om oan te jaan dat soks slim is. It Frysk hat dêr wol wurden foar, sadat it yn dy taal makliker is om oer dy ûnderfining te praten.

Dêr skriuwt taalkundige Henk Wolf oer op it webstee fan De Moanne. Hy hat it der yn syn stik benammen oer dat de feringelsking negative gefolgen hat foar de kultuer.

Wolf syn stik is te lêzen op:
https://www.demoanne.nl/no-more-paulus-boskabouter/

jannewaris 16, 2019 21:46
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Wokkel jannewaris 17, 12:12

    Moast dy net te gau ferbrekke. Myn ^underfining is dat de measte minsken b^est Frysk ferstean. Kist altyd in bytsje helpe, mar it is wier net nedig om altyd yn it Holl^ansk te begjinnen.

  2. jangerben jannewaris 17, 22:00

    Yn de COOP yn Nijhoarne binne der famkes efter de kassa dy’t miene dat se Hollânsk prate moartte tsjin de klanten.Bygelyks by it ôfrekkenje wurd dan sein: vijf euro vijfentachtign ‘Dan siz ik bytiden is dat it selde as fiif euro fiifentachtig? En dan geane se oer yn it Frysk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.