In drama op Klein Jagtlust

jannewaris 19, 2019 08:37

Ferhaal fan Jangerben

Foto: Wikipedia/Kasteelbeer – lisinsje CC BY-SA 3.0 nl

Klein Jagtlust, in bûtenferbliuw op it Oranjewâld is yn 1854 boud troch in smoarrike man, mr. Pieter Heringa Cats. Hy wie berne yn 1823 te Ljouwert. Yn 1861 is er boaske mei jonkfrou Maria Albertina de Rotte. Sy kaam fan Rinsumageast en wie ek yn 1823 berne. Der wie in hiele stêf personiel mei ûnder oaren in rintmaster, in koetsier, in húsfeint, fammen yn de húshâlding en túnmannen. Mr. Pieter koe dus dwaan en litte wat er woe en dat die er dan ek. Der gie wol gewach fan dat er der in wat ûnberoaide libbensstyl op neihold. Trochdat er oan de drank wie, kaam er bytiden wiken net foar it ljocht. Syn frou is him nettsjinsteande syn tekoartkommingen altiten trou bleaun. Mar it wie wol in man mei in gouden hert, in goeddogger. Hy soarge derfoar dat de bern fan de earmen elk jier in sinteklaasfeest hiene.

Troch syn libbensstyl wie er op syn fyftichste al âld en útlibbe. Op 16 septimber 1875 fielde er him net sa goed, dat it like syn frou better om de dokter te heljen. De koetsier Koenraad Stolberg en de húsfeint Dirk Gerrits rieden tegearre nei dokter R. Houwing op it Hearrenfean. Dirk wie 24 jier en tsjinne noch net salang op Klein Jagtlust. Hy hie yn dy koarte tiid al besocht om wat kontakt te sykjen mei de tsjinstfaam Ida Bakker. Mar flak foardat Dirk mei de koetsier nei it Hearrenfean gean soe, hie se tsjin him sein dat it mar út wêze moast mei de ferkearing. Har âlden wiene derop tsjin, mar se hie ek fan de jonkfrou te hearren krige dat se gjin gedoente mei de húsfeint ha mocht. Doe’t de manlju de dokter nei syn bisite wer nei it Fean brocht hiene en wer thúskamen frege Dirk Ida direkt oft se efkes in eintsje mei him te kuierjen woe. Mar Ida wegere. “Ut is út”, sei hja en se gie mei in oare tsjinstfaam te kuierjen. Doe’t de froulju werom kamen wie it kofjetiid. De personielsleden kamen yn de keuken om ’e tafel hinne byinoar. Op dat stuit kaam Dirk der ek yn. Hy like ûnferskillich, mar hy wie djip rekke troch de ôfwizing fan Ida. Tafallich kamen Dirk en Ida foarinoar oer te sitten. Doe begûnen de oare personielsleden him wat te narjen en dat waard wat langer wat slimmer. Dirk waard breinroer en fleach de keuken út, mar stoarme fuortdaliks wer mei in grut mes de keuken yn. Hy stoarte him op Ida en stuts har it mes yn de kiel. Dat feroarsake in hiele opskuor. De koetsier ried mei kûgelsfeart nei it Fean ta om in dokter te heljen, wylst de oaren it stjerrende famke doeken om ’e hals wuonnen. Ida hat noch in oere libbe, mar stoar troch it grutte bloedferlies.

Doe’t de plysje kaam, rekke Dirk breinroer, by it dwylsinnige om’t ôf. Hy fleach de trep op en luts in izeren stêf út de leuning. Dêr drige er mei as se him teneikomme soene. Hy waard oermastere en ôffierd nei it tuchthûs op it Hearrenfean. De Friesche Courant skreau: “Deze geschiedenis met zo’n gruweldaad zal niet licht in de vergetelijkheid raaken in het door natuurschoon zoo hoog geroemde Oranjewoud.”

Dirk moast foarkomme by it Provinciale gerechtshof van Friesland. De procureur-generaal easke 25 jier tuchthûsstraf, mar nei in gloedfolle ferdigeningsrede fan jonkhear A.E. van Boelens waard it in feroardieling fan 12 jier tuchthûsstraf en it beteljen fan de proseskosten, mei it byneed ynfoarderjen by liifstraf. Dirk kaam yn de Ljouwerter finzenis telâne. Dêr hie er muoite om him oan te passen oan de regels. Sa waard him bygelyks op it appèl ris in kear troch de kommandant hjitten dat er de hannen net op de rêch hâlde moast. Dêr wie er net oer te sprekken en hy lake him út en foege der ek noch flok- en skelwurden oan ta. Hy krige fjirtjin dagen kasjot en om de oare dei wetter en brea.

Yn 1880, nei fiif jier finzenis, hat er himsels grif yn it fel biten doe’t bekend waard dat syn wurkjouwer jonkhear Pieter Heringa Cats, 56 jier âld, ferstoarn wie. In jier nei it ferstjerren fan syn frou en dat er it hiele personiel ryklik bedield hie. Likernôch trijefearn fan it miljoene-erfskip fan it bernleaze houlik gie nei legaten. De rintmaster krige bygelyks hûnderttûzen gûne, de koetsier fyftichtûzen en in pear personielsleden krigen fiifentweintichtûzzen. De leden fan it froulik personiel krigen in wykjild fan tsien oant fyftjin gûne, dat yn dy tiid in goede ynstruiïng wie. Dirk hat syn folle tolve jier straf útsitten. Yn septimber 1887 stie er wer as frij man bûten de poarte.

Mei tank oan drs. Rita Mulder-Radetsky en B. H. de Vries foar de gegevens út it boek De geschiedenis van Oranjewoud en de Friese Pers foar gegevens út it boek Moord en doodslag in Friesland fan Fenno Schoustra. Fierder tankje ik de famylje Drost út It Wâld, dêr’t ik it boek De geschiedenis van Oranjewoud fan liene mocht. Dit ferhaal waard earder publisearre yn Groot Heerenveen.
jannewaris 19, 2019 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.