Ierske bommelizzer op jierren wol frijspraak, om’t eksplosivewet net yn it Iersk is

jannewaris 17, 2019 19:39

Dónal Billings

In Ierske man dy’t yn 2016 feroardiele waard foar it lizzen fan in bom yn in bus yn Dublin en foar it dwaan fan echte en falske bommeldings, is fan betinken dat er ûnterjochte opsletten is. De wet dy’t it lizzen fan bommen ferbiedt, is nammentlik ientalich Ingelsk. As oprjochte Ier is er fan betinken dat de wet dêrom net foar him jildt.

By in besite fan ‘e Britske keninginne Elizabeth oan Dublin yn 2011 krige de plysje ferskate bommeldings. Yn in bus waard in selsmakke bom oantroffen. De oare meldings blieken falsk te wêzen. Donal Billings, dy’t yn 1973 ek alris feroardiele waard foar it besit fan eksplosiven, wenne oan ‘e busrûte. De plysje hie him al gau as fertochte op it each.

De 67-jierrige Billings hat syn libben lang gjin Ingelsk prate wollen en it slagge earst net om rjochters te finen dy’t it Iersk foldwaande machtich wiene, ek om’t de rjochterlike macht yn Ierlân oer kop en earen yn it wurk siet. Billings kaam earst yn 2016 foar de rjochter en makke him dêr fia inoar ôfwikseljende tolken fersteanber. De bommeldings wiene dien fan syn mobile telefoan en de rjochters wiene der al gau fan oertsjûge dat Billings skuldich wie. Hy waard feroardiele.

Billings wie it dêr net mei iens, net om’t er ûnskuldich wie, mar om’t er feroardiele wie foar in oertrêding fan de Explosive Substances Act, in wet út 1883. Fan dy wet bestie allinnich in Ingelsktalige ferzje. Billings seit dat er as Iersktalige diskriminearre wurdt as er him hâlde moat oan in wet dy’t net yn syn taal skreaun is. Sûnt 2003 wurde nije wetten yn Ierlân tagelyk yn it Iersk en Ingelsk makke, mar âlde wetten binne meastentiids allinnich yn it Ingelsk beskikber. Billings easke ek in Ierske oersetting fan alle juridyske dokuminten dy’t mei syn saak te krijen hiene. Dy krige er net. Neffens syn abbekaat binne de rjochten fan Billings dêrtroch oantaast. Hy hat dêrom berop oantekene. De beropssaak hat lykwols noch net tsjinne. As de saak trochgiet, dan komt er foar de heechste Ierske rjochter. Dy hat noch nea in saak yn it Iersk behannele.

Billings makke yn ‘e finzenis gjin freonen. Yn 2017 waard er troch oare finzenen mishannele, om’t er allinne mar Iersk prate, wat lang net elkenien ferstean koe. It Iersk wurdt op alle skoallen yn Ierlân oanbean, mar mar in pear persint fan ‘e befolking kin de taal flot prate.

Billings woe mei syn aksjes protestearje tsjin de besite fan ‘e Britske keninginne.

jannewaris 17, 2019 19:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.