Hartwert wer damkampioen

jannewaris 14, 2019 10:00

By de sneon 12 jannewaris yn Easterein ferspile klupkampioenskippen yn it damjen Frysk spul einige Hartwert op ’e nij boppe-oan. Dêrmei makke it syn favoriterol wier, ek al wie it yn ’e finale noch wikkerdewik.

It kampioenskip wie oars in part fan syn spanning kwyt meidat it sterke Skearnegoutum ferline jier folslein ûnferwachte degradearre waard.  De klup waard ynwiksele troch Blauhús, dat foar it earst op dit nivo meidie. It die lykwols bliken dat de Blauhústers dêr noch net hielendal oan ta wiene. Utslaggen as 1-7 tsjin Hartwert en 2-6 tsjin Aldegea-SWH wiene sprekkend genôch, en tsjin Lollum/Waaksens koene  de Blauhústers it ek net oprêde.

Lollum sels wie der troch it missen fan sterke spilers as Foeke Tiemensma en Hans Jansen ferlike mei ferline jier ek net sterker op wurden. In stunt tsjin Hartwert (3,5-4,5) en Aldegea (3-5) siet der no krekt net yn. En dêrmei soe alles ôfhingje fan de lêste omloop, doe’t de beide favoriten Hartwert en Aldegea tsjininoar moasten. Hartwert hie dêrby it lytse foardiel dat it yn de beide eardere wedstriden krekt wat mear boerdpunten byinoar skarrele hie as Aldegea; in lykspul soe dêrom genôch wêze foar it kampioenskip.

De striid begûn foar de Hartwerters ek goed mei in oerwinning fan de jeuchlike Sjoerd Teake Kooistra. Mar efkes letter luts de Aldegeaster feteraan Gerrit Schilstra de stân wer gelyk, en Jouke Wijnja sette de klup sels op foarsprong. Hiel wichtich wie dêrnei de flater fan de Aldegeaster Siebe Walinga op it earste boerd tsjin achttjinfâldich persoanlik kampioen Taeke Kooistra. Dêrnei sette Jan Bouma de Hartwerters sels op foarsprong, mar Willem Hoekstra luts de stân op ’en nij yn it lykwicht, en dat bleau sa nei it kampspul tusken Folkert Groenveld en Tsjerk Wijbenga.

Doe hong alles dus ôf fan de lêste partij, dy tusken Hein de Vries en Henk Haanstra. It folk klofte gear om harren boerd hinne, de spanning wie om te snijen. Haanstra hie syn houtsjes net al te lokkich delset, en moast lang om let de ferliezershân útstekke. In lûd gerop en geraas ûntlade him dêrnei yn de Hartwerter kielen.

Yn de twadde klasse soarge it sterke Skarnegoutum derfoar dat it fuortendaliks wer werompromovearre nei it heechste nivo. Jorwert, dat De Gaastmar foarbleau, waard hjir fertsjinstlik twads. Yn de tredde klasse wie neffens ferwachting de twadde ploech fan Hartwert it sterkste. Lêst waard hjir de Boalsert-Warkumkombinaasje, in ploechje ‘Hollânske’ dammers, dat him ek wol ris weagje woe oan de Frysk fariant fan it damspul. It gong harren ek net iens ûnaardich ôf, mar earemetaal smiet it net op.

Utslaggen klupkampioenskippen Frysk damjen 2019
Kampioensklasse:  Hartwert – Blauhús 7-1, Aldegea – Lollum 5-3; Lollum – Hartwert 3,5-4,5, Blauhús – Aldegea 2-6; Aldegea – Hartwert 3,5-4,5, Blauhús – Lollum  3-5.
Einstân (mei tusken heakjes it tal boerdpunten): Hartwert 3 (16); Aldegea 2 (14,5); Lollum 1 (11,5); Blauhús 0 (6).

Twadde klasse: Skearnegoutum I – Skearnegoutum II 6,5-1,5, De Gaastmar – Jorwert 2,5-5,5; Jorwert -Skearnegoutum I 2,5-5,5, Skearnegoutum II – De Gaastmar 1-7; De Gaastmar – Skearnegoutum I 1-7, Skearnegoutum II – Jorwert 1-7.
Einstân: Skearnegoutum I 3 (19); Jorwert 2 (15); De Gaastmar 1 (10,5); Skearnegoutum II 0 (3,5).

Tredde klasse: Hartwert 2A – Aldegea 2A 4-0, Boalsert/Warkum 1B – Aldegea 2B 0,5-3,5, Boalsert/Warkum 1A – Hartwert 2B 2-2; Aldegea 2A – Boalsert/Warkum1A 2-2, Hartwert 2B – Boalsert/Warkum 1B 3-1, Aldegea 2B -Hartwert 2A 0,5-3,5; Hartwert 2A – Boalsert/Warkum 1A 3-1, Aldegea 2B – Hartwert 2B 1-3, Aldegea 2A – Boalsert/Warkum 1B 2-2.
Einstân: Hartwert II 5,5 (18,5); Aldegea II 2 (9); Boalsert/Warkum 1,5 (8,5).

jannewaris 14, 2019 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.