Grutte plannen foar de Tsjûkemar

jannewaris 31, 2019 09:54

De Tsjûkemar (foto Wikimedia Commons/TUFOWKTM)

It gebiet om de Tsjûkemar hinne wurdt de kommende tiid op it mêd fan rekrearjen, ûndernimmen, gastfrijheid en wenjen ferbettere. De Stichting Club van Aanjagers van de Tsjûkemar (CvA), besteande út ûndernimmers en doarpsbelangen út de regio, makke der in útfieringsplan foar. Provinsje Fryslân jout der in subsydzje fan € 393.250,– foar.

De inisjativen yn it plan komme fan ûnderen op en hâlde ûnder mear de realisaasje fan in wetterskybaan by de Ulesprong yn, de restauraasje fan it swimplak en de fisksteiger by de Headammen en de pleatsing fan in survivalbaan yn Eastersee. Dat binne ûnderdielen fan gruttere plannen om de gebieten op te helpen. Foar de súdeastlike kant fan de Tsjûkemar is der in flekkeplan mei romte foar kuierpaden, kitesurfgelegenheid en in strân mei pier en paviljoen.

Iepen Mienskipsfûns
It subsydzje wurdt ferliend út it budzjet Iepen Mienskipsfûns 2018. It plan fan de CvA kriget yn ien kear in bedrach foar alle subprojekten. Deputearre Klaas Kielstra: “It is prachtich dat minsken út de regio sels de hannen gearslane om de eigen krite, ûndernimming en gastfrijheid op te helpen. Se sette dêr mei-inoar de skouders der goed ûnder. Wy kinne dat allinnich mar tige wurdearje.”

Yntinsje-oerienkomst
Om de plannen goed fan ’e grûn te krijen, makke de CvA in yntinsjeoerienkomst, dy’t op 30 jannewaris ûndertekene waard troch provinsje Fryslân, gemeente De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en Recreatieschap Marrekrite. It boargerinisjatyf wurdt dêrmei breed droegen en by alle projektûnderdielen binne ferskate partijen belutsen. De earste resultaten fan it útfieringsplan en de gearwurking binne takomme maitiid konkreet.

jannewaris 31, 2019 09:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.