Grutte Gedichtejûn yn Drachten op freed 8 febrewaris

jannewaris 8, 2019 09:37

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. Ditkear wurdt dy yn Kafee Marktzicht holden op freed 8 febrewaris 2019.

Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal oft de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen. De dichters wurde fersocht ien fers foar te lêzen en net al te lange ynliedingen te hâlden, dit yn ferbân mei de beheinde tiid. Jo hoege net ienris dichter te wêzen, want jo meie ek in fers fan jo favorite dichter foarlêze.

Ineke van der Heide sil foarlêze út it op ’e selde dei by útjouwerij Hispel ferskinend boek mei berneferskes Broek mei bûsen. De dichters en foarlêzers op ’e jûn krije as tsjinprestaasje dy útjefte kado. Tusken de poëzije troch sil der yn it smûke Drachtster kafee Grunneger muzyk klinke fan trûbadoer Bert Hadders.

Wêr? Kafee Marktzicht, Aldewei 14, 9203 AG Drachten
Wannear? 8 febrewaris 2019
Hoe let? Tusken 20:00 en 24:00 oere
Yntree: fergees

www.ensafh.nl

jannewaris 8, 2019 09:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.