Geologywykein mei mosasaurus yn Natuermuseum Fryslân

jannewaris 6, 2019 09:33

De GEA-Kring Fryslân organisearret alle jierren in geologysk wykein yn it Natuermuseum Fryslân. Leden fan de klup litte yn dy twa dagen harren moaiste fynsten sjen. Dit jier is it geologywykein op 12 en 13 jannewaris. Tema is diskear: Fossilen ûnder wetter.

Mosasaurus (foto: Natuermuseum Fryslân)

Spesjaal foar it geologywykein hat de GEA-Kring Fryslân wat bysûnders nei Ljouwert helle: it bonkerak fan in echte mosasaurus. In mosasaurus is in seereptyl dat libbe yn de tiid fan de dino’s. Mei in lingte oant wol achttjin meter wie dat ien fan de grutste seereptilen op ’e wrâld.

De mosasaurus libbe krekt as de T-reks yn de lêste Krytperioade, dy’t 66 miljoen jier lyn einige. Lykas de T-reks it lân ûnfeilich makke, wie de mosasaurus hearsker fan de see. Yn de djipte ferskûle wachte er syn proai op, om dan ynienen fluch ta te slaan. De earste eksimplaren waarden fûn yn de mergel by de Maas lâns (mosa yn it Latyn), dêr komt de namme fan. It gebiet om de Maas hinne wie yn it Kryt in djippe, waarme see. Letter waarden bonken fan dat rôfreptyl oeral op ’e wrâld weromfûn.

De mosasaurus dy’t yn it Natuermuseum te sjen is, hat in lingte fan seis meter. Hy is ôfkomstich fan Naturalis Biodiversity Center út Leien. De Latynske namme is Platecarpus ictericus en it bonkerak is fûn yn de Badlands fan South Dakota. Om de mosasaurus hinne is in lytse eksposysje ynrjochte mei oare seefossilen. Dy binne yn brûklien fan ferskate musea en ôfkomstich út samlingen fan GEA-leden.

It geologywykein is nijsgjirrich foar jong en âld. GEA-leden litte neist seefossilen ek bysûndere fynsten sjen op it mêd fan swalkstiennen, sân en mineralen. Der binne tal fan aktiviteiten foar bern lykas goud sykjen, in ôfjitsel meitsjen fan in mosasaurustosk, in ammonyt skilderje, in skat úthakje út gips en stiennen trochseagje. Der is ek in draaiend rêd dêr’t moaie (geologyske) prizen mei te winnen binne. Fansels is der ek ynformaasje te krijen oer it doel en de aktiviteiten fan de GEA-Kring Fryslân.

It geologywykein wurdt holden op 12 en 13 jannewaris 2019. De yntree is dat wykein € 2,- de persoan. De mosasaurus bliuwt noch wat langer yn it Natuermuseum en is oant en mei 23 jannewaris te sjen.

jannewaris 6, 2019 09:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.