Gemeentewapen Noardeast-Fryslân ûntbleate

jannewaris 3, 2019 10:37

Op 2 jannewaris 2019 is yn de earste riedsgearkomste fan de nije gemeente Noardeast-Fryslân troch waarnimmend boargemaster Hayo Apotheker it gemeentewapen ûntbleate.

Lykas bekend binne yn Noardeast-Fryslân de gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân c.a. opgien. Harren wapens binne ferwurke yn dat fan de fúzjegemeente.

It grien yn it wapen ferwiist nei it yn haadsaak agraryske karakter fan de gemeente. De yndieling jout oan dat it om in kustgemeente giet. De seispuntige stjer is keazen omdat dy it mienskiplike teken fan de trije gemeenten wie. Dy hiene mei-inoar alve seispuntige stjerren yn harren wapens. De kroan fan trije blêden en twaris trije pearels stiet yn de Fryske tradysje bekend as de gritenijkroan en is oernommen fan de gemeenten Kollumerlân en Dongeradiel.

It nije wapen is makke troch in spesjale wurkgroep Heraldyk. Op 14 desimber 2018 is it by Keninklik Beslút offisjeeel ferliend oan de gemeente Noardeast-Fryslân.

jannewaris 3, 2019 10:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.