Gedicht: yn de puree

jannewaris 26, 2019 10:15

Resint ferskynd

yn de puree

Foto: morguefile.com

Karel Knyn
hat wol sa it smoar yn
juster gie er nei de toskedokter ta
want hy tocht hy soe wol wat gatsjes ha

syn gebit seach der lykwols goed út
en Karel glom oer syn hiele snút
mar och, och, och
doe kaam it noch

‘do hast in oerbyt’ wie dokters beskie
mar dêrfoar wit ik wol rie
ha mar gjin noed
mei in bûgeltsje komt dat wol wer goed
doch it der deis en nachts mar yn
dan wurdsto wer in prachtknyn

‘mar hoe moat ik dan ite’
‘ik kin dan ommers net mear knage en bite’
dokter sei ‘net sa krimmenearje’
‘do kinst dyn iten sa lang wol purearje’

Folkje Koster

jannewaris 26, 2019 10:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.